Stillizzing driget foar boerebedriuwen om fertutearze fee

24 aug 2020 - 22:25

Twa boerebedriuwen út Wâlterswâld en Sumar moatte har wurk stillizze as se de omstannichheden foar it fee net ferbetterje. De Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit (NVWA) konstatearre by beide bedriuwen op ferskate mominten dat de hygiëne net goed wie.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De rjochter bepaalde dat it bedriuw fan in boer út Wâlterswâld trije moanne op slot moat as de man by in nije kontrôle fan de NVWA syn saken net op oarder hat. De NVWA seach yn maaie 2018 dat in protte kij op smoarge plakken stiene. In wike letter wie de situaasje noch hast gelyk.

Lytsere feesteapel

By kontrôles foarich jier en dit jier wiene de omstannichheden noch hieltyd net sa't se wêze moasten. De rjochter hie de yndruk dat de boer it allegear net mear oan koe, hy moat it bedriuw sawat yn syn ientsje draaiende hâlde. De boer sei dat er plannen genôch hie. Hy woe in nije stâl bouwe, mar troch de nije fosfaatregeling koe dat net mear trochgean. De advokaat fan de boer sei dat er syn feesteapel lytser meitsje wol. "Zodat hij het nog kan behappen."

Mear problemen by boer yn Sumar

It bedriuw fan in 68-jierige boer út Sumar moat in healjier op slot as de NVWA nochris ûngeregeldheden sjocht. Hy krige oktober ferline jier en maart dit jier besite fan de kontroleurs. Ek by him stiene de kij yn te folle dong en wie der gjin drûch lisplak foar de bisten. Fierder wie der in ponny mei in ynsliten helter, hiene 21 skiep gjin earmerk en wiene seis kadavers net op tiid oanmeld by Rendac.

De boer sels fûn dat er neat ferkeard dien hie. Offisier fan justysje Loes van Kooten tocht dêr oars oer. "U bent hartstikke eigenwijs, u denkt dat u het goed doet maar dat is niet zo. Als er niet iets verandert, gaat er iets veranderen met uw bedrijf", sei se. Van Kooten easke dat it bedriuw no trije moanne stillein waard. Dat gong de rjochter te fier, dy makke der in stillizzing fan in healjier ûnder betingst fan, mei in proeftiid fan trije jier. "Als het weer fout gaat wordt uw hele bedrijf gedurende zes maanden stilgelegd", warskôge er de boer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)