125.000 mûlkapkes moatte corona bûten de doar hâlde by ROC Friese Poort

24 aug 2020 - 21:55

ROC Friese Poort, de skoalle foar middelber beropsûnderwiis, smyt de doarren wer iepen foar it nije skoaljier. It giet dizze wike om in yntroduksjewike, mar der stiet spanning op, want hoe komt it mei it coronafirus? Ut foarsoarch hat de skoalle 125.000 mûlkapkes oanskaft en rinne de konsjerzjes mei CO2-mjitapparatuer troch de skoalle.

Mûlkapkes en mjitapparatuer moatte corona bûten de doar hâlde by ROC Friese Poort

ROC Friese Poort jout op ferskate lokaasjes les oan yn totaal 15.000 studinten en wurket mei sa'n 1600 learkrêften. By de yngong krije de learlingen in mûlkapkes útrikt. As se dan op harren plak sitte yn it lokaal dan kin it mûlkapke ôf. Der binne foarearst genôch mûlkapkes om de earste wiken troch te kommen. Dêrnei is it neffens Jaap van Bruggen, fasilitêr manager by ROC Friese Poort, ôfwachtsjen wat de stân fan saken is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)