Ljouwert krijt tik op 'e fingers om belied mei festivalfergunnings yn Griene Stjer

De gemeente Ljouwert krijt in flinke tik op de fingers fan de Rekkenkeamer. By it ferlienen fan fergunningen oan de festivals yn de Griene Stjer wie de gemeente te trochdriuwerich syn eigen gelyk te heljen, stie it net genôch iepen foar de klachten fan boargers en hie it lêst fan tunnelfyzje.
Psy-Fi is ien fan de festivals yn de Griene Stjer © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Dat stiet yn it rapport dat de Rekkenkeamer skreaun hat oer it fergunningebelied fan de ôfrûne jierren foar de trije festivals yn de Griene Stjer. Dat binne Promised Land, Welcome to the Village en Psy-Fi.
De gemeente krijt as learpunt mei om yn it ferfolch better nei de boarger te harkjen, útspraken fan rjochters soarchfâldiger út te fieren en fergunningen earder takenne, sadat der mear tiid foar de beswieren komt.

Te folle praat oer desibellen

Neffens Joop Roebroek, foarsitter fan de Rekkenkeamer, is it ek te folle gien oer desibellen en is der te min sjoen nei hoe't de festivals op in oare wize organisearre wurde koenen om sa de oerlêst foar de boargers te ferminderjen.
Joop Roebroek, foarsitter fan de Rekkenkeamer