Folop lekke bannen troch stielen pinnen út boarstelmasinen

In lekke bân mei de fyts of de scooter. We hawwe it allegearre wolris, mar Oncko van Kammen fan Stiens hie it ynienen twa kear yn ien wike. En it docht bliken dat dat in bysûndere oarsaak hat. It soe nammentlik komme troch izeren pinnen út de boarstels fan feiweinen dy't de strjitte frijmeitsje fan ûnkrûd.
© Shutterstock.com / Arunas Gabalis
"Yn in wike tiid hie ik twa lekke bannen yn Ljouwert mei de scooter", fertelt Van Kammen. "Doe ha se der twa stielen pinnen út helle. Dat blykt troch de boarstels fan de ûnkrûdbestriding fan de gemeente te kommen. Dat sei de fytsemakker teminsten. En no binne der folle mear minsken dy't deselde problemen ha mei autobannen en fytsbannen."

Pear kear yn 'e wike

Van Kammen sette syn ferhaal op Facebook en krige dêrop hûndert reaksjes, benammen fan minsken dy't itselde meimakke ha. Ek by fytsemakker Halfords yn Ljouwert is it in bekend probleem. "Dit kennen wij, ja", seit Evert Jan Tjepkema. "En we zien steeds vaker dat er lekke banden zijn bij nieuwe wijken, waar spijkers van pallets schieten. We komen dit wel een paar keer per week tegen. In de zomermaanden wat minder, maar dat komt waarschijnlijk door de vakantie."
Als het aantoonbaar van onze machines komt, dan moeten we die schade ook vergoeden.
Wurdfierder Jelmar Helmhout fan Omrin
De masinen binne fan Omrin en sy witte derfan. "Het afgelopen jaar hebben hier 25 meldingen van gekregen in de gemeentes Leeuwarden en Waadhoeke", seit wurdfierder Jelmar Helmhout. "Als het aantoonbaar van onze machines komt, dan moeten we die schade ook vergoeden. Ze zijn goed herkenbaar, dus de fietsenmaker heeft dat ook snel door."
Helmhout fertelt dat Omrin safolle mooglik docht om de skea te beheinen. "Betere borstels voor de omgeving zijn er niet. En achter het borstelen rijdt ook nog een veegmachine, dus er wordt ook heel veel metaal weer opgeveegd. Daarnaast hebben we ook al gekeken naar de afstelling van de borstels, zodat we ook heel wat minder schade veroorzaken. Maar als het dan toch nog fout gaat en het is van ons, dan moeten we die schade vergoeden. Terecht is terecht."
De trije haadrolspilers: slachtoffer, fytsemakker en Omrin