Auto bedarret yn sleat by Donkerbroek, bestjoerster ferwûne

24 aug 2020 - 20:20

By Donkerbroek is moandeitejûn in auto yn in sleat bedarre. De automobilist rekke ferwûne en is nei it sikehûs brocht. It is net dúdlik hoe't se deroan ta is.

Foto: De Vries Media

It ûngelok barde lâns de N381. De auto rekke fan de dyk by de ôfrit fan Donkerbroek en kaam dêrnei yn de sleat telâne. Ien rydstripe yn de rjochting fan Drachten waard tydlik ôfsletten.

It is net bekend hoe't it ûngelok barre koe.

(Advertinsje)
(Advertinsje)