Jouster Museumstrjitte wurdt opknapt: "No ride minsken der dwers trochhinne"

24 aug 2020 - 20:11

Amsterdam hat syn Museumplein, De Jouwer hat syn Museumstrjitte. Dochs witte in protte Jousters better wêr't it Museumplein is as harren eigen Museumstrjitte, wylst se der geregeld lâns ride mei auto of fyts. Dêr moat wat oan dien wurde, fynt direkteur Iris Nutma fan Museum Joure.

Museumstrjitte wurdt opknapt

En dêrom wurdt it hiele gebiet by it museum opnij ynrjochte. "Dêrmei wolle we Museum Joure better sichtber meitsje", seit Nutma. "No ride minsken bytiden troch de Museumstrjitte sûnder dat se witte dat se dwers troch in bysûnder museumterrein ride. We wolle graach dat minsken har dêr mear bewust fan binne. Dy sichtberheid is moai foar ús, mar we wolle ek graach dat minsken wat foarsichtiger binne."

Alles heart byelkoar

Museum Joure bestiet út tsien gebouwen en leit oan beide kanten fan de strjitte. "It gefoel dat alles byelkoar heart, dat bringe we werom", fertelt Nutma.

De wurksumheden oan de werynrjochting binne moandei úteinset en duorje oant oktober. In protte tiid giet sitten yn ôffieren fan fersmoarge grûn. It totale plan kostet sa'n twa en in heale ton.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries
(Advertinsje)
(Advertinsje)