Cultuurkwartier Sneek lit kommissaris Brok gefolgen coronakrisis sjen

As der neat gebeurt, dan moat it Cultuurkwartier Sneek takom jier de doarren slute. Dat seit direkteur Wybren Buma. Under it Cultuurkwartier falle it teäter fan Snits, poppoadium Het Bolwerk en it keunstesintrum. Alle trije ha in skoft ticht west en binne op it stuit net rendabel iepen, allegear troch de coronakrisis.
Poppoadium Het Bolwerk yn Snits © Omrop Fryslân, Joris Kalma
By it útdielen fan subsydzjes fiske it Cultuurkwartier achter it net. Om de need sjen te litten, nûget direkteur Buma kommissaris fan de Kening Arno Brok kommende tongersdei út. "Hij was burgemeester van deze gemeente toen Cultuurkwartier ontstond. Hij had daar mooie ideeën bij, hoe dat een mooie centrale plek hier in de gemeente kon innemen."

Impact sjen litte oan Brok

Buma wol Brok sjen litte hoe't it deroan ta giet. "Ik vind het heel fijn dat ik hem kan laten zien dat we een mooie groei hebben doorgemaakt, dat we een gezond bedrijf zijn en dat 2019 een absoluut topjaar is. Maar nu we noodgedwongen de deuren moesten sluiten en nu maar een heel klein beetje open kunnen, heeft heel veel impact op zo'n instelling als de onze. Zonder steun redden we het gewoon niet."
Ek in soad oare Fryske kulturele ynstellingen en ûndernimmers sitte yn de problemen troch de coronakrisis. Se sizze dat se kwealik stipe fiele fanút de oerheid. Sa is der fan de 300 miljoen euro dy't it Ryk beskikber steld hat foar de kultuersektor, mar 250.000 euro yn Fryslân terjochte kaam. "We zijn veel meer afhankelijk van inkomsten uit verhuur en horeca, maar daarmee halen we het niet", seit Buma.
Direkteur Wybren Buma fan Cultuurkwartier Sneek