Minste oantal coronabesmettingen yn Fryslân yn in wike tiid

It tal nije besmettingen mei it coronafirus fan de ôfrûne 24 oeren is it leechste yn in wike tiid yn Fryslân. Neffens it coronadashboard binne der fiif nije besmettingen bykaam.
© Omrop Fryslân
Lanlik sjoen is it tal besmettingen krekt it heechste yn in wike tiid. Mei elkoar testen 574 minsken posityf op it firus, de measten yn de regio Amsterdam-Amstelland.
Der lizze op it stuit 41 coronapasjinten op de intensive cares yn Nederlân, yn totaal lizze der 162 pasjinten mei it firus yn de sikehûzen. Ernst Kuipers, foarsitter fan it Landelijk Netwerk Acute Zorg, seit dat it tal coronapasijnten yn de sikehûzen stabyl is.

Reguliere soarch net op normale nivo

Op de intensive cares lizze ek 552 minsken mei oare oandwaningen. Yntinsivisten behannelje yn totaal 593 pasjinten. Sûnt begjin juny sit dat al om de 600 hinne. Gewoanwei lizze der sa'n 900 minsken op de intensive care en binne der goed 1.100 bêden beskikber. Neffens Kuipers is de drokte op de intensive cares "onveranderd erg laag, zelfs voor de vakantieperiode. Dit is een teken dat de reguliere zorg nog altijd niet op het normale niveau terug is."