Plysje falt hûs yn en hâldt 46-jierrige fertochte oan foar drugshannel

By in ynfal yn in hûs oan de Konvooistrjitte yn Ljouwert is moandeitemoarn in 46-jierrige fertochte oanhâlden troch de plysje. Yn de wenning waarden 22 boltsjes kokaïne en 4 XTC-pillen yn beslach nommen.
© Ben de Jager, Omrop Fryslân
Der wiene fia Meld Misdaad Anoniem ferskate tips binnenkaam oer it dealen fan drugs út de wenning wei. Dêrop hat de plysje in resjerzje-ûndersyk ynsteld nei de bewenner en de wenning. Moandeitemoarn waard de ynfal dien. De fertochte is ynsletten foar fierder ûndersyk.