Drokste simmer oant no ta foar lifeguards fan KNRM

24 aug 2020 - 16:36

De lifeguards fan de Koninklijke Nederlandse Reddingsmaatschappij belibje de drokste simmer oant no ta op de waadeilannen. De lifeguards moatte der dit jier folle faker op út om minsken fuort te stjoeren út in gefaarlike streaming.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Se stjoere minsken dan nei in feilich swimgebiet. Dat wurdt oanjûn mei flaggen oan wjerskanten fan in stik wetter dêr't it fertroud is om te swimmen.

De lifeguards beoardielje oan it begjin fan de dei wêr't it feilich is om yn it wetter te gean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)