Doeksen skrast sneltsjinsten Flylân om hurde wyn

24 aug 2020 - 16:32

Rederij Doeksen hellet foar tiisdei en woansdei de sneltsjinsten fan en nei Flylân út de feart. Doeksen docht dat mei it each op de ferwachte waarsomstannichheden.

De flagge fan Flylân - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Foar tiisdei en woansdei wurdt hurde wyn ferwachte. De gewoane feartsjinst giet wol gewoan. Doeksen nimt kontakt op mei reizgers dy't in sneltsjinst boekt hiene. Harren reis wurdt omboekt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)