Jonge frachtweinsjauffeur is held op de dyk

24 aug 2020 - 16:04

Jorrit Hansma is 23 jier, is noch mar 3 jier frachtweinsjauffeur by in bedriuw yn Sint-Anne, mar hat no al in heldedied ferrjochte. Hy sette nei in ûngelok moandeitemoarn syn frachtwein skean op de A32 om de rest fan it ferkear om te lieden. Dat wie by Steenwijk yn Oerisel.

Foto: Instagram Hilda van der Walle

Sa'n kilometer foar him seach er dat in bedriuwsbuske en in frachtwein botsten en hiel rap betocht er dat er yn aksje komme moast. "Ik moast de rest fan it ferkear beskermje en sette de frachtwein skean op de dyk sadat it ferkear achter my net by it ûngelok komme koe. Dus ik ha gau de alarmljochten en swaailjochten oandien." Doe gie er nei de oare bestjoerders om te sjen hoe't it dêrmei wie.

Beseft er wat er dien hat? "Ik ha even goed sykhelle, en woe slimmer foarkomme en dat is slagge."

Grutske baas

Syn baas is grutsk op him, dat er sa oplettend wie om de dyk ôf te setten. "Ik bin no wol wer wat bykaam, mar ik bin it noch net fergetten", beslút Jorrit Hansma.

Jorrit Hansma

Plysje-agint Hilda van der Walle wie ek fol lof, sa skreau se op Instagram:

(Advertinsje)
(Advertinsje)