FNP wol yn coronatiid alternatyf foar buertbus

24 aug 2020 - 14:59

Brûkers fan de buertbus moatte sa gau mooglik wer mei it iepenbier ferfier reizgje kinne. Dat fynt de FNP. De buskes ride op it stuit net, omdat se net coronaproof binne.

Ek de buertbus yn Himmelum bliuwt oan de kant stean:

Skerm ôfkard yn buertbus

It duorret noch wol in skoft foardat de buskes oanpast binne. De FNP wol dêrom dat der alternativen komme foar de minsken dy't oanwiisd binne op de buertbus.

De partij wol dat de provinsje yn oerlis mei ferfiersbedriuw Arriva besjocht oft der gruttere bussen ynset wurde kinne. Der binne seis buertbuslinen yn Fryslân, foaral yn it súdeasten en súdwesten fan de provinsje. Benammen âlderein en skoalbern brûke de buertbus.

Trefwurden: 
FNP Arriva buertbus
(Advertinsje)
(Advertinsje)