Ekotopen-kaart bringt kânsen en risiko's fan Waadsee yn kaart

24 aug 2020 - 14:15

Rykswettersteat hat yn gearwurking mei de Universiteit yn Utrecht en Marine Research yn Wageningen in saneamde ekotopen-kaart fan de Waadsee makke. Op de kaart steane alle gebieten yndield op basis fan ferskate faktoaren. Tink oan de djipte, it sâltgehalte, mar ek de streaming en de kwelders stean op de kaart oanjûn.

Foto: Rykswettersteat

De kaart kin troch natoerorganisaasjes en behearders fan de Waadsee brûkt wurde om bygelyks geskikte lokaasje te finen foar de oanlis fan seegers. Ek wurde de sânplaten yn byld brocht en kin sjoen wurde oft dy grutter of just lytser wurde. Ta beslút jout de kaart oan wêr't kwetsbere gebieten lizze wannear't der bygelyks in oaljeramp bart.

(Advertinsje)
(Advertinsje)