Gjin sutelaksje mei Fryske boeken dit jier fanwegen corona

24 aug 2020 - 12:10

Dit jier wurdt net sutele mei Fryske boeken yn ferbân mei it coronafirus. Neffens koördinator Ferdinand de Jong is by it suteljen de oardel meter regel net nei te kommen.

Argyffoto - Foto: Afûk

Boppedat soenen de ferskate sutelaksjes yn in pear wiken de kâns op fersprieding fan it firus troch de provinsje fergrutsje.

Yn oerlis mei Ernst Bruinsma, projektlieder fan Boeken fan Fryslân, is dêrom besletten dat it trochgean litten fan de sutelaksjes in te grut risiko is.

De sutelaksje mei Fryske boeken en boeken oer Fryslân wurdt de ôfrûne jierren troch stadichoan mear ferienings yn doarpen troch de hiele provinsje organisearre. It ferlies fan dit suteljier is foar de dielnimmende ferienings in finansjele strop, sy krije oars in fjirde part fan de omset.

(Advertinsje)
(Advertinsje)