"Provinsje en gemeenten moatte kultuer mear stypje"

Provinsje en Fryske gemeenten moatte mear yn aksje komme om de Fryske kultuer te stypjen, is de rop út dizze sektor. De kultuer is hiel hurd troffen troch de coronakrisis, sa die earder bliken út ûndersyk fan Omrop Fryslân. Der binne grutte omsetferliezen, sels no't alles wer iepen is. It is hast net te dwaan om op in rendabele wize te wurkjen mei de 1,5 meter regels.
Provinsje en gemeenten moatte kultuer mear stypje
Teäter De Koornbeurs yn Frjentsjer fernimt wol dat de gemeente Waadhoeke goedgeunstich is, mar it sjit net echt op. "Der leit in riedsfoarstel foar in hierfrijstelling fan maart oant en mei septimber, mar der moat noch in beslút oer nommen wurde", fertelt Titia Huisman, direkteur fan it teäter.
Huisman soe graach hawwe dat se wat langer foarút tinke kinne. "It soe fijn wêze as wy in garânsje krije kinne om in jier foarút te tinken, sadat ik ferskate senario's útwurkje kin. Hjir haw ik romte foar nedich."
© Omrop Fryslân, Janko Krist
Fan de provinsje hat se hast neat heard. "Ik bin belle troch ien Steatelid om te hearren hoe't it giet. Fierder hawwe we op fersyk allegearre finansjele rapportaazjes ynlevere, mar hjir is neat út fuortkommen."

Iduna

Poppoadium Iduna út Drachten programmearret no wol, mar dat kostet har jild. Yn de seal dêr't gewoanwei 600 man yn passe, meie no mei de oardelmeterregel mar 70 man yn. Se kinne dit oant jannewaris folhâlde en dan hâldt it op.
Se hawwe hoop op in needfûns yn de gemeente Smellingerlân dêr't al in skoft oer praat wurdt. "We volgen het op de voet en maken er graag gebruik van, we zullen ook wel moeten." Underwilens is bekend wurden dat der dochs net sa'n needfûns komt om't der neffens de gemeente gjin ferlet fan wêze soe.

Kunstacademie Friesland

Direkteur Doet Boersma fan Kunstacademie Friesland is bot fernuvere dat út it lanlike needfûns fan 300 miljoen euro mar 250.000 euro beskikber is foar Fryslân. "Ik tink dan: hoe kin dat no? Der soe toch wol wat mear foar Fryslân oerbliuwe moatte? Profilearje we ús net genôch? Wa fertsjinwurdiget ús?"
Ferslachjouwer Wendy Kennedy oer de helpfraach út de kultuersektor