Foararrest haadfertochte (35) wapenhannel Easterwâlde mei trije moanne ferlinge

24 aug 2020 - 11:37

De 35-jierrige haadfertochte yn de saak oer de wapenhannel fanút de kringloopwinkel yn Easterwâlde bliuwt trije moanne langer fêst sitten. Dat hat de rjochtbank moandei besletten op de twadde pro-formasitting. Mar neffens Sonny Jansen, de advokaat fan de haadfertochte, 'wankelt de zaak'.

Foto: De Vries Media

Haadfertochte - man út Easterwâlde

De haadfertochte hie frege om frijlitting, om't er syn trije bern sa bot miste. It belang fan de straffoardering is grutter as it persoanlik belang, sa stelt de rjochtbank. Ek sil de haadfertochte mei in psychiater prate. De haadfertochte sels joech oan dat er net yn wapens hannele, mar yn bitcoins en goud.

Advokaat Sonny Jansen

Neffens Sonny Jansen, advokaat fan de haadfertochte, wurdt syn kliïnt fêsthâlden foar 'aannames zonder onderbouwing'. Hy jout oan dat er de telefoantaps noch altyd net hearre kind hat, om't it Iepenbier Ministearje en de rjochtbank de opnommen petearen earst sels nochris hearre wolle. Jansen fynt de ynformaasje dy't er fan it iepenbier ministearje krijt 'te mager en te laat'. "Ik ben daar zeer geïrriteerd over, dat mag u gerust weten."

Advokaat Sonny Jansen oer de saak

Twadde fertochte - wapenekspert út Ljouwert

Earder op de moarn stie in oare fertochte - in 35-jierrige wapenekspert út Ljouwert - foar de rjochter. Hy soe de haadfertochte holpen hawwe mei it reparearjen fan ferskate wapens. De man joech oan dat er spyt hat. Hy soe op syn meast fiif kear holpen hawwe mei it reparearjen fan wapens, sei er sels. De man sit no troch it foararrest yn finansjele problemen en neamde it helpen fan de haadfertochte 'een stommiteit'.

Tredde fertochte - man dy't yn skonk sketten waard

De tredde fertochte dy't foar de rjochter stie moandeitemoarn is de man út Mearum dy't yn Drachten yn syn skonk sketten waard by syn oanhâlding. By de man is in wapen oantroffen. Dat hie er neffens eigen sizzen foar selsferdigening by him. Mei de kriminele aktiviteiten fan de groep soe er neat te krijen hawwe, sa pleite er. De rjochter sjocht dat oars en beslút dat ek dizze fertochte langer fêst sitten bliuwt.

Fjirde fertochte - 36-jierrige Drint

Ek it foararrest fan de fjirde fertochte - in 36-jierrige man út Beilen - wurdt ferlinge. Neffens de rjochter is de kâns grut dat de man op 'e nij de fout yn giet as er frij is. Sels tinkt de fertochte dat dit wol tafalle sil. Syn advokaat beskriuwt syn kliïnt as slachtoffer, om't er foar allerhanne putsjes ynskeakele waard, sûnder dat er dêr betelle foar krige.

Noch in Drint

In oare Drint (37 út Hoogeveen) sit fêst yn Roermond en is digitaal oanwêzich; foar syn advokate jildt itselde. Sy neamt de rol fan har kliïnt 'zeer klein'.

De man soe belutsen west ha by in pseudokeap yn de wapenhannelsaak. Syn advokate wol hjir tsjûgen oer hearre en freget om skorsing fan it foararrest, mar ek hjir falt it oardiel negatyf út foar de fertochte. De fertinking is earnstich genôch om de Drint fêst te hâlden. Boppedat is der kâns op residive.

Lêste fertochte - in Serviër

De lêste fertochte is in 25-jierrige man út Servië. Hy sit fêst yn Grave. In tolk set alles foar him oer, de fertochte is der digitaal by. De man wurdt nei it útsitten fan syn straf útset. De advokate wol, lykas har kollega Sonny Jansen, ôftape telefoanpetearen ôfharkje.

It hert fan it dossier is in besletten groep op Telegram, dy't troch belutsenen brûkt waard om yn wapens en oare net-legale saken te hanneljen. Ek makken de fertochten yn de groep ûnderlinge ôfspraken, ek oer stipe oer en wer yn it gefal dat der ien oppakt wurde soe troch de plysje.

Neffens de advokate fan de Serviër is der ûnfoldwaande grûn om de Servyske fertochte fêst te hâlden. As it foararrest oer is, komt de man yn frjemdelingedetinsje yn ôfwachting fan syn útsetting. Dat betsjut: gjin kâns op residive, seit syn riedsfrou.

Mar de Serviër wie belutsen by ynternasjonale wapenhannel yn groepsferbân en moat dêrom finzen bliuwe. Kâns op residive is der seker, want mei wapenhannel kin de man ek fanút syn heitelân trochgean. Omdat by frjemdelingedetinsje net dúdlik is oft de man nei útsetting, net wer werom komt, kin de man it beste fêstsitten bliuwe, seit rjochtbankfoarsitter Post.

Ien fertochte ôfwêzich

In sânde fertochte is in man sûnder fêst wenplak. Hy wie de iennige dy't net oanwêzich wie by de saak, net fysyk en ek net digitaal. Ek hy bliuwt trije moannen langer fêst sitten.

Folgje de pro-formasitting fia Twitter

Ferslachjouwer Onno Falkena wie yn de rjochtbank en die op syn twitteraccount ferslach fan de saak.

Ferslachjouwer Onno Falkena oer de pro-formasitting

(Advertinsje)
(Advertinsje)