Simmerblog: Simmer yn Aldebiltsyl

24 aug 2020 - 17:45

Omrop Fryslân is moandei de hiele dei yn Aldebiltsyl. Yn dit simmerblog in oersjoch fan alle ferhalen.

17:40
Ein

We binne oan de ein kaam fan dit simmerblog, tank foar it folgjen!

Tiisdei binne we yn Aldeboarn, oant dan!

Besjoch de telefyzje-útstjoering:

17:20
Moai plak om te wenjen
Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Eppy van der Veer is hikke en tein yn Ouwe Syl, en it wenjen foldocht him goed. "De rust en iedereen kent elkaar, en er is een bloeiend verenigingsleven."

In reedlijke nijkommer is Alex Vreeman, portretfotograaf. Hy kaam twa jier lyn út de Achterhoek. "Ik wilde naar Friesland, heb altijd veel Kameleonboeken gelezen. Toen gingen we kijken en dit was dichtbij zee. Ik werd verliefd en wilde hier wonen, en mijn vrouw ook, we werden beide verliefd op de plek. De buitenstaanders worden makkelijk opgenomen, we hebben goed contact met de buurt. Ik wil niet meer weg."

De bewenners en muzyk fan Jan de Vries

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
16:20
Bistetún
Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Ouwe Syl hat in echte bistetún mei sa'n 150 bisten lykas hinnen, swannen, kalkoenen, herten, kninen, einen en guozzen en ek alpaka's. "En alles rint troch elkoar hinne", seit Wiebren van der Weg. "Ik kin hjir jûns rêstich in oere sitte, ik genietsje derfan." It is begûn as hobby, mar no is der al oardel bunder. Hy en syn frou fine de alpaka's it moaist. "Dy binne sa nuet datst se knuffelje kinst."

Sietse van der Weg

15:20
Portrettekeningen
Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Keunstner Doety Klijnstra makket portrettekeningen mei potlead, it binne realistyske tekeningen yn swart-wyt. Se hellet har ynspiraasje fan ynternet, mar makket ek portretten fan minsken dy't stoarn binne, op fersyk fan de famylje. "Dat is begûn nei't ús mem yn 2016 stoarn wie en myn tekening op de roubrief stie." Se stiet op útfeartberzen om sjen te litten wat se docht. "By minsken dy't in lang siikbêd hawwe, kin ik de tekening meitsje. It is altyd wol emosjoneel. As se de tekening ophelje gûle se faak en dan hâld ik it ek net drûch. It binne faak oangripende ferhalen."

Op har webside www.doetyklijnstra.nl steane tekeningen.

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Doety Klijnstra

14:50
De Kraak van de kluis
Foto: Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar

Yn it ramt fan 75 jier befrijing is wurke oan it toanielstik 'De kraak van de kluis', skreaun troch Hein Jaap Hilarides. Fanwegen corona is dat omwurke ta in teatrale 'thuisbeleving.' It giet oer in wierbard ferhaal út 1943 doe't jonge mannen it gemeentehûs oerfoelen en de persoansregisters stellen ha om foar te kommen dat de mannen nei Dútslân ta moasten om tewurksteld te wurden", seit Teunis Jensma.

Minsken dy't in kaart keapje, krije der in pakket by mei in jutesek mei wat guod lykas in oarlochskrante. It is teäter, harkspul en film yn ien. Kroecheigener Auke Kooistra hat ek in rol, hy spilet in Landwacht dy't de mannen oppakt. "Dat giet frij heftich, it is ferried fan de boppeste plank. Krijst it pikefel op de bealch."

It stik wurdt 26 septimber opfierd. Sjoch foar mear ynformaasje op www.dekraakvandekluis.nl.

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

By de toanielferiening

13:43
Frouljusroeiploech Eucalypta
Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Ouwe Syl hat ek in frouljusroeiploech Eucalypta. Ien fan de roeisters is Anne-Sietske Jongbloed. "Der is hjir net genôch wetter, dus we trene twa kear wyks op de Dokkumer Ie." De ploech is 4 jier lyn nij libben ynblaasd.

De froulju binne echte bikkels. "Ferline jier binne we kampioen wurden yn ús klasse. We ha ek yn Londen roeid en ús plan is nei Venetië te gean. We hâlde fan lekker bealgjen, dêr wurde we bliid fan. En nee, we binne gjin heksen, al is de sloep neamd nei de heks út Paulus de boskabouter. We geane altyd troch en smarre de kadetsjes goed yn mei faseline, oars kinne we moandeis net mear op kantoar sitte."

Anne-Sietske Jongbloed

12:40
In bosk fol lekker iten
Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

It boskje oan de râne fan it doarp moat in 'voedselbos' wurde. Oant no ta hâldt it lykwols op mei brannettels. Inisjatyfnimmer Jan de Vries hat grutte plannen: "Wy wolle beammen en strûken plantsje mei fruit en nuten om op te iten." Trije jier lyn is úteinset mei it plan foar in 'voedselbos', mar it blykt in plan fan de lange azem te wêzen. "Steatsboskbehear is eigener fan de bosk en it moat juridysk ek klopje mei de provinsje en de gemeente". leit Jan út.

Der moast sels in ekologysk ûndersyk komme, foardat de skeppe de grûn yn koe. Dochs sette de inisjatyfnimmers troch. "Wy binne allegearre ôfhinklik fan de foedselyndustry. Wy moatte wer wat selsredsumer wurde troch lokaal iten te ferbouwen. Sa kaam ik by de permakultuer telâne, dêr't ik my yn ferdjippe ha. Sa is it baltsje rôljen gong. Mar dan rinst ek tsjin de burokrasy oan. Dat hie ik net ferwachte."

Alle kearen wer blieken nije fergunnings nedich te wêzen. Sa foel der moandei in brief fan de provinsje by Jan op de matte dat der in 'ontgrondingsvergunning' nedich wie foar de oanlis fan in fiver yn de bosk. "Ik hie der noch nea fan heard", seit er laitsjend, "mar blykber is it nedich. Dus dat dogge wy dan mar wer." Dochs bliuwt er posityf. "Oer in jier as tsien moat hjir in bosk stean. Dit is foar de lange termyn. Oer twahûndert jier hoopje ik dat se der noch fan genietsje."

Inisjatyfnimmer Jan de Vries oer it 'voedselbos'

11:12
Flintertún
Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Achter de Aerden Plaats sit in flintertún dêr't ek konserten binne. "De tuin is in 2013 aangelegd in de stijl van Louis Le Roy, met veel inheems Europese bloemen die vlinders fijn vinden", fertelt Kirsten Zwijnenburg. "De tuin zit verstopt achter de kerk en als je hier komt, zit je in een soort paradijsje met allerlei soorten vlinders, zoals de kolibri, atalanta, blauwtje en distelvlinder."

Yn de tún is in lyts amfitëater dêr't de konserten binne. "Gister speelde Sido Martens hier, dat kan zonder versterking." Gasten fan hotel De Klok komme ek graach yn de tún.

Maaike van der Hoek by de flintertún

10:40
Aerden Plaats
Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Kirsten Zwijnenburg fan de Aerden Plaats, it toeristyske ynformaasjepunt en archeologyske stipepunt. "Het is ook een bezoekerscentrum met allerlei culturele activiteiten, maar is er ook moderne kunst in de kerk en een mooie tuin." Dizze wike ha se noch in nije oanwinst krigen: in houten berneklompke. "Hij is gevonden bij de boerderij Zeldenrust, het zou best de klomp van een dochter van dominee Schuiling kunnen zijn, ik denk dat 'ie wel honderd jaar oud is."

De Aerden Plaats giet ek yn op it ûntstean fan de Alde Biltdyk en de taal it Biltsk. "We hebben veel vakantiegangers gehad." Der is ek in streekprodukt; it ouwesylstercakeje. "Het is een speciaal recept, gemaakt door de bakker in Stiens."

Maaike van der Hoek by de Aerden Plaats

9:50
Doarpskafee Het Graauwe Paard
Foto: Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar

De namme fan de kroech ferwiist nei it eardere loazjemint en de stalling fan hynders, fertelt Auke Kooistra, de eigener fan de kroech. Hy wurke earder yn Mukkes yn Ljouwert en kocht yn 1993 dit kafee. "It wurke prachtich yn Ljouwert, mar ik bin in doarpsminske. En ik bin hjir hikke en tein op It Bilt."

De kroech is autentyk, mei ûnder oare bedsteekasten. Yn de simmer ha se it drok hân, der wienen mear toeristen.

Bliuwt er oant syn penjsoen yn de kroech? "Dit wurk sit yn myn bloed."

Jantine Weidenaar is yn de kroech

9:40
Ouwe Syl
Foto: Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar

Ouwe Syl is eins de namme fan it doarp dêr't we no binne, seit doarpshistoarikus Sytse Keizer. Nei de fúzje fan It Bilt yn Waadhoeke moatte we suniger wêze op ús taal, kultuer en skiednis fan It Bilt seit er. Op de pyp, de slûs, wie earder in âlde rivier, al fan 800 nei Kristus. Op de kwelderwal is in simmerdyk oanlein is, dy is yn 1505 ferhege en de Alde Dyk neamd.

"Earder wie der in soad bedriuwichheid, mei de haven, mar no bringt de ymport ek wer nij elan yn it doarp. Der is ek in soad toerisme. It hotel en de B&B sitte konstant fol dizze simmer."

Op de pyp stiet in stânbyld fan in lyts mantsje mei in koffer. "Dat is de kleine Keizer, makke troch Hans Jouta dy't ek it byld fan Cruijff makke. Ik bin dwaande mei in boek oer Gerrit, hy wie mar 96 sintimeter en libbe fan 1874 oant 1946. Hy wie sjonger en akrobaat en reizge troch hiel Europa troch en hy hat sels twa kear yn Amearika west en hy is sels noch fiere famylje fan my."

Jantine Weidenaar praat mei doarpshistoarikus Sytse Keizer

9:30
Wolkom!

Goeiemoarn en wolkom yn dit simmerblog. Simmer yn Fryslân is moandei yn Aldebiltsyl. Ferslachjouwers Jantine Weidenaar en Maaike van der Hoek dogge de hiele dei ferslach.

Freed wie Simmer yn Fryslân yn Koatstertille. Dat kinst hjir neilêze.

Foto: Omrop Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)