Swimbad Mounewetter ticht fanwege corona by meiwurker
Swimbad Mounewetter yn Wytmarsum hat de doarren sluten. Ien fan de meiwurkers is posityf test op corona. It bestjoer seit it swimbad sluten te hawwen út foarsoarch. It wachtsjen is op it advys fan de Veiligheidsregio hoe no fierder te hanneljen.