It jier 2020 is it minste briedjier ea foar de skries

24 aug 2020 - 08:58

It jier 2020 giet de boeken yn as it minste briedseizoen oant no ta foar de skries. Yn mar 41 prosint fan de nêsten kamen de aaien út en mar ien op de tsien pearkes dat in nêst hie, wist in jong grut te bringen. De Ryksuniversiteit yn Grins docht al 17 jier ûndersyk nei de skries. Koördinator Jos Hooijmeijer fan Koudum is realistysk. "As ik troch it lân rin, dan hear ik suver hast hielandal neat mear. Op hieltyd mear plakken is it deastil."

In Skries - Foto: Flickr

Ut sifers fan it ûndersyk fan de RUG docht bliken dat it min giet mei de skries. As foarbyld jout Hooijmeijer de situaasje yn Súdwest-Fryslân. "Hjir ha wy alle jierren sa'n 1000 briedpearen. Gewoanwei sneuvelje der sa'n 300 fûgels. Mei it briedsukses fan dit jier meie wy bliid wêze dat der sa'n 50 piken grut wurden binne. Dan komst sa'n 250 fûgels tekoart om de populaasje op syn minst stabyl te hâlden."

It minne briedjier komt ûnder oare troch predaasje, mar ek troch de kwaliteit fan it lânskip. Hooijmeijer: "De gebieten dy't geskikt binne foar skriezen om te brieden, binne sa stadichoan hast postsegels. Dan is it in kâld keunstke foar predatoren om de fûgels te finen en te pakken. It is in duvelsk dilemma wat wy it earst oanpakke moatte. Kinne wy der op wachtsje om it lânskip oan te passen? Wy gripe hieltyd faker nei it bestriden fan predatoaren. Mar dat is faak in koarte termyn-oplossing, want der is altyd wol in oare predatoar dy't wer yn dat gat springt."

Al sûnt de jierren '80 wurdt der troch ûndersikers, natoerorganisaasjes en beliedsmakkers praat oer de efterútgong fan de greidefûgels. "Dochs binne wy der yn 40 jier net yn slagge om der wat oan te dwaan en de oplossing te finen", stelt Hooijmeijer. "Boeren kinne de holle mar amper boppe wetter hâlde, lykas de skries. Salang wy yn dit systeem sitten bliuwe, binne de marzjes foar sawol de boer as de natoer hiel lyts. As dit sa trochgiet, kinne wy ditselde berjocht oer twa jier wol wer bringe."

Jos Hooijmeijer fan de RUG

(Advertinsje)
(Advertinsje)