Twadde pro-formasitting oer wapenhannel fanút kringloop Easterwâlde

24 aug 2020 - 08:24

By de rjochtbank yn Ljouwert is dizze moandei de twadde pro-formasitting yn de saak oer wapenhannel fanút de kringloop yn Easterwâlde. Ein febrewaris binne by ynfallen op 17 adressen yn Noard-Nederlân tsien fertochten oanhâlden foar ûnder oare drugs- en wapenhannel. By in ynfal yn in kringloopwinkel yn Easterwâlde en in oanhâlding yn Drachten waarden wapens, eksplosiven en drugs fûn.

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

De earste pro-formasaak wie begjin juny en doe is bepaald dat sân fertochten langer fêstsitte bliuwe moasten en dy steane no allegearre op 'e nij foar de rjochter.

In 35-jierrige man út Easterwâlde wurdt troch justysje sjoen as de haadfertochte yn de saak. It Iepenbier Ministearje beskuldiget him fan wapenhannel, oplichting en besykjen ta deaslach. Fierder soe de haadfertochte him skuldich makke hawwe oan mishanneling, minskehannel en it besit fan fjoerwapens en munysje.

Trochsikingen

Op santjin plakken yn Noard-Nederlân ha dêrnei trochsikingen west. Dêrby waarden trije kalasjnikovs en meardere hânfjoerwapens fûn. Ek waard in bulte munysje fan ferskate kalibers, kilo's syntetyske drugs, swiere eksplosiven, kapmessen, springstoffen, soeren, krût en honkbalkneppels oantroffen.

Ferslachjouwer Onno Falkena is by de saak en fia syn twitteraccount is de saak fan 9.00 oere ôf te folgjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)