Kollum: "Turntrauma"

24 aug 2020 - 08:23

"De backflip, de kaboom of de barani. Wa't thús in trampoline yn de tún hat, sil al dizze nammen fêst wol kenne. By ús thús hippe de bern alle dagen op it ding en oefenje de meast yngewikkelde trúkjes. Leuk om nei te sjen, ferskriklik om sels te dwaan.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Yn de simmerfakânsje hienen we hast alle dagen wol in útfanhûzer, dy't mar wat graach op ús trampoline hippe mocht. "Kin Nynke dit ek?" en "Kin Nynke dat ek?" Op alle fragen skodde ik de holle. Sels doe't se in koprol foardienen, skodde ik fan nee. "Echt net?!" rôpen se gnizend. No soe de koprol fêst noch wol slagje, mar ik hâld my fier fan dat ding.

As bern hienen wy in skommel yn de tún. In skommel en in rekstôk. Mei in bytsje mazzel hiest in wipwap. Mar gjin trampoline. Tsjintwurdich hat elk in inground trampo yn de tún. Der binne sels bern út it doarp mei in opblaasbere air track: sa'n lange baan dêr'st tsien radslaggen achter elkoar op dwaan kinst. Wa't gjin trampoline hat, kin hast de Kinderombudsman belje, bernemishanneling.

Ik ha 'm eartiids as bern net mist: in trampoline yn de tún. Oer de kop gean, hat noait in hobby fan my west. Hurdrinne, fierspringe, swiere dingen tille of kondysjetrainings: it makke my neat út. Mar oer de kop gean, harrejakkes. Op it momint dat ik oer de kop gean, skeakelje myn harsens nammentlik út. Dan giet de boel op swart. It fielt sa tsjin-natuerlik dat myn brein himsels reset. Of better noch: yn de sliepmodus giet.

Op de middelbere skoalle hienen wy gymlessen wêryn't we mei in trampoline oer de kast springe moasten. Prima. Sa lang't ik rjochtop bliuwe koe, gjin probleem. Mar doe kaam de gymlearares mei it idee om in tipsalto oer de kast te dwaan. Dêrfoar mochten we de tipsalto earst oefenje op in dikke blauwe matte. Dat fûn ik al dea-eang, lit stean om oer in kast hinne te saltojen.

It duorre mar efkes as de gymjuf klapte yn de hannen. Se makke de seleksje fan learlingen bekend, dy't perfoarst oer de kast hinne hippe moast. Yn stilte smeekte ik dat myn namme der net by sitte soe. Mar jawol: 'Nynke van der Zee' wie ek ien fan de slachtoffers. Of slachtoffers, dat fûn ik sels yn elk gefal. Der wienen ek klasgenoaten dy't it prachtich fûnen om sa heech en sa rap mooglik oer de kast te tipsaltojen.

Ik socht achteroan yn de rige myn plakje op, sadat it sa lang mooglik duorje soe foar't ik oan de beurt wie. Mei stront yn 'e broek draafde ik op de kast ôf. It iennige dat ik noch wit, is dat ik ûnderweis tocht: dit kin ik net. Error. En dêrnei wie it 'System shut down'. Ik ha de eagen stiif tichtknypt en stie wer op de grûn foardat ik der erch yn hie. It hert sloech my 88.

"Noch mar in kear", sei de gymjuf doe't ik sa slop as in dweil fan de matte stroffele. Mar dy twadde kear is der noait kaam. Ik bin op de bank sitten gong en ha myn bloeddruk fan 380 besocht nei ûnderen te krijen. En ik ha my sels ien ding tasein: dit doch ik noait wer.

Dy belofte kaam my wer yn it sin doe't de bern rôpen dat ik in koprol meitsje moast op de trampoline. En wylst ik nei al dy megasprongen en trúkjes seach, betocht ik my dat bern fan no yn elk gefal gjin risiko rinne op sa'n posttraumatyske trampoline steurnis as dy fan my. Dy laitsje de gymjuf út as se mei it plan komt foar in tipsalto oer de kast. Ik hear it se gewoan al sizzen: "Juf, mei it ek in barani wêze?"

(advertinsje)
(advertinsje)