Noordelijk Film Festival komt mei drive-in-bioskoop op It Saailân

24 aug 2020 - 07:24

It Noordelijk Film Festival sil yn novimber in drive-in-bioskoop op it Ljouwerter Saailân organisearje. Foar it Fries Museum komt in grut filmdoek te hingjen. Fanút de auto is de film te besjen. De drive-in-bioskoop is net allinnich betocht omdat it leuk is, mar sa kin it festival ek coronaproof trochgean. "Der kinne aanst sa'n 100 auto's op it Saailân stean, sadat der dochs 200 man nei in film sjen kinne", fertelt Fredau Buwalda fan de organisaasje.

Foto: Noordelijk Film Festival

It Noordelijk Film Festival sil yn novimber te krijen hawwe mei in mindere kapasiteit yn de filmsealen, om't it publyk op oardel meter ôfstân fan elkoar sitte moat. Buwalda: "Wat no bart by Slieker Film is dat wy twa of soms sels trije stuollen tusken de minsken ha. Dat moatte wy aanst ek yn De Harmonie dwaan. Dat soarget der foar datst folle minder minsken kwyt kinst. Om dat op te fangen, ha wy besocht in ekstra seal te kreëarjen. Dat is by ús it Saailân wurden."

Geskikte bûtenfilms

De 'Drive-in-Cinema' is in oanfolling op it festival yn coronatiid, neffens de organisaasje: "een 'old-school' concept dat de nodige nostalgische kracht heeft". In film sjen wylst jo yn de auto sitte, is in yntime, feilige en ferantwurde wize. Mar tagelyk grutskalich, omdat jo mei in protte minsken tagelyk in film sjen kinne op it grutte doek.

Dy film wurdt wol ôfstimd op de lokaasje, seit Buwalda ta. "Wy fokusje op Noard-Europeeske films, mar wy sjogge wol oft it past om de film bûten te draaien. It moat in tagonklik en foar in breed publyk ynteressante film wêze."

Foto: Noordelijk Film Festival

De Drive-in-Cinema mei fiif dagen lang twa films op in jûn draaie. Der kinne ûngefear 90 oant 100 auto's op it plein stean, mei genôch ûnderlinge ôfstân. Under de kap fan it Fries Museum kin in grut filmdoek hingje fan hast 15 by 7 meter. De gemeente Ljouwert hat de fergunning foar de drive-inbioskoop al ôfjûn.

Utdaging wie de freedsmerk, dy't ek op it Saailân plakfynt. Buwalda: "Wy meie op freedtejûn krekt wat langer trochgean, sadat wy de jûns dochs twa films sjen litte kinne."

Foto: Noordelijk Film Festival

Nettsjinsteande de ekstra romte dy't de drive-in-bioskoop de organisaasje jout, bliuwt it dreech om de finânsjen rûn te krijen. "Wy binne oan it puzzeljen mei de begrutting", fertelt Buwalda. "Wy skriuwe fûnsen oan om te sjen hoe't wy it festival dit jier finansjeel rûn krije kinne. Mar wy gean gewoan troch. Wy sjogge wêr't we op besunigje kinne om dochs films sjen te litten oan in grut publyk."

Fredau Buwalda fan it Noordelijk Filmfestival

It Noordelijk Film Festival is fan 11 oant en mei 15 novimber yn Stadsschouwburg De Harmonie, Slieker Film en de Drive-in-Cinema op it Saailân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)