Earste freerunhal fan Noard-Nederlân komt op It Hearrenfean

24 aug 2020 - 07:05

Yn in hal oan de Jousterwei op It Hearrenfean wurdt op dit stuit de lêste hân lein oan de Freerun University. Thomas Dijkmeijer en Wouter Soijs jouwe al jierren les yn gymsealen, mar fûnen it heech tiid foar in eigen hal, dy't hielendal op de sport ynrjochte is. Freerunne wurdt nammentlik hieltyd populêrder.

Foto: ANP Foto

De Freerun University op It Hearrenfean is de earste spesjalisearre freerunhal yn Noard-Nederlân. "Deze hallen zie je vooral veel in de Randstad. Boven Utrecht vind je geen freerunhal zoals deze. Wij hebben dus de primeur", seit Dijkmeijer grutsk.

Hy leit út wat it krekt is. "Freerunning is een nieuwe sport die veel buiten wordt gedaan, waarbij je zo soepel mogelijk door je omgeving probeert te bewegen. Kinderen kunnen in een gewone gymzaal prima oefenen met deze situaties. Maar in een freerunhal bouwen we platforms en obstakels die in hoogte verstelbaar zijn. En ze kunnen op een airtrack salto's oefenen zonder gewond te raken."

Populêr yn coronatiid

Dijkmeijer fernimt dat it freerunnen de ôfrûne tiid hieltyd populêrder wurden is. "Vooral in de coronatijd hebben veel kinderen op hun eigen manier de sport ontdekt. Het is een individuele sport, die je samen doet. Je kunt op de meest simpele plekken buiten freerunnen. Een hekje of een stoep is al genoeg."

Fysike en mentale útdagings

Freerunne falt benammen op troch de sprongen en de salto's dy't de sporters meitsje. "Het eerste wat je ziet is dat het fysiek heel uitdagend is", jout Dijkmeijer ta, "maar het is ook mentaal een heel uitdagende sport. We dagen kinderen uit om een probleem op te lossen. Dat geeft een boost aan hun zelfvertrouwen. Het is dus zowel fysiek als mentaal een uitdagende sport."

Fan jong oant âld

De nije freerunhal is hast klear. En dat moat ek, want Dijkmeijer en Soijs wolle nije wike úteinsette mei de earste lessen. "We beginnen vanaf 31 augustus met open lessen, waarin kinderen en geïnteresseerden kennis kunnen maken met de hal en onze manier van lesgeven", fertelt Dijkmeijer. "Daarna starten we met de vaste lessen. De jongste leden zijn 6 jaar en daarna loopt het op tot oneindig. We hebben zelfs een lid in de 60, die in z'n pensioen een nieuwe uitdaging zoekt."

Inisjatyfnimmer Thomas Dijkmeijer

(Advertinsje)
(Advertinsje)