Triemstra kritysk: "De Frouljus PC giet troch, mar it úthingboerd fan de KNKB net"

It coronafirus hat dit seizoen in grutte ynfloed op de keatskalinder. De PC by de manlju giet net troch, en yntusken binne ek de haadklassepartijen yn Marsum en Penjum skrast. Neffens keatser Taeke Triemstra bliuwt der no wol in hiel meager seizoen oer. "Doe't ik dat hearde ferline wike doe tocht ik dan hoecht de Aldehou op it lêst ek net mear. Dan ha je trije wiken stilstien", seit Triemstra. "Mar ik ha no wol sjoen dat Sint-Anne der noch bykommen is yn it wykein fan Marsum."
Taeke Triemstra oer it restant fan it seizoen:
Taeke Triemstra
De 37-jierrige keatser begrypt net dat ferieningen ta it beslút komme om de wedstriden te skrassen. "Persoanlik net. Ik snap dat minsken der problemen mei hawwe, mar sels bin ik net sa. Ik bin mear fan de mooglikheden. Ik tink dat je dingen no krekt wol organisearje moatte. As je dat dogge sa as de ferieningen dat no dogge, dan kin dat prima. Dan fynt der echt gjin besmetting fan corona plak," sa seit Triemstra.
Syn kollega Hans Wassenaar hat mingde gefoelens. "Oan de iene kant snap ik dat. It is coronatiid en de organisaasje is wol oars. Mar oan de oare kant, der binne wol foarsoarchsmaatregels dy't der naam wurde moatte, mar ik ha no net it idee dat dat ferskriklik út de klauwen rint. Je hawwe fansels wurk fan it protokol dat je meitsje moatte, mar as je genôch frijwilligers hawwe dan is it wol te realisearjen, ha ik it idee", seit Wassenaar.

Alternative wedstriden

Wassenaar hat der noch wol fertrouwen yn dat de wedstriidkalinder opfolle wurdt. "Ik sjoch it hiel gau barren dat der wedstriden organisearre wurde. Der kamen juster ek al minsken by ús dy't seinen we kinne ek wat wedstriden organisearje sûnder dat der punten oan te fertsjinje binne. Dat der keatst wurdt bin ik wol wis fan, mar it is even de fraach oft we noch in pear haadklassewedstriden organisearje kinne," seit Wassenaar.
Dat soarte fan wedstriden sjocht Triemstra lykwols net sitten. "Dan doch ik net mei yn elk gefal. Dan ha ik wol oare dingen te dwaan. Ik mei graach keatse, mar ik wol wol dat it earne om giet. Dat is leuk oan it begjin fan it seizoen, mar dat hoecht om my no net," sa seit hy.
Hans Wassenaar oer it restant fan it seizoen:
Hans Wassenaar
Wêr't beide manlju it oer iens binne, is dat it skande is dat de PC net trochgiet. "Je keatse in PC minder yn je karriêre. Dat bliuwt hiel ferfelend. Sa as er is, dat is machtich. Dêrfoar keatse je, en dêrfoar binne je ea begûn mei keatsen. Dat it no net trochgiet is hartstikke spitich", seit Wassenaar.
"Ik ha wol even op de dei fan de PC west. De junioarepartij, dêr't de âld-winners ek wolkom wiene. Doe hie ik wol wer even in bewustwurding fan, ik tink dat it wol in goede kar west hat om it net trochgean te litten. In PC sûnder tribune en sûnder minsken is gjin PC. Wat dat oanbelanget bin ik wol bliid dat se net noch mar wat probearre ha. Mar as sporter docht it wol sear", seit Wassenaar.

Sûnder publyk ek bysûnder

Om Triemstra hie de partij wol gewoan trochgean kinnen. "Ek in PC sûnder publyk hie in bysûndere PC west. Op telefyzje is it prima te folgjen. Mei 1.000 man hie prima west, mei 2.000 man hie ek noch wol kinnen. Hiel, hiel skande. Dêrtroch tink ik dat Penjum en Marsum no ôfsizze. As de PC wol trochgongen wie, wie dat ek net bard", sa seit Triemstra.
Triemstra is dan ek wol in bytsje jaloersk dat de PC by de froulju wol 'gewoan' trochgiet. "Absolút. Ik hie dat hiel graach wollen. De Freule giet troch, de Frouljus PC giet troch. En it úthingboerd fan de KNKB, de manlju, dy gean net troch. Skande. Ik hie it hiel graach oars sjoen. Mar ik sit der net midden yn, dus ik wit net fan de 'hoed en de rand'. Mar persoanlik fyn ik it hiel, hiel skande", sa seit Triemstra.

Frouljus PC

Keatster Manon Scheepstra begrypt wol dat Triemstra jaloersk is op de froulju. "Dat zij geen PC hebben is wel heel erg balen voor hun. Ik ben heel erg blij dat wij wel een PC hebben. Ik bedoel dat is natuurlijk de mooiste wedstrijd, hoe die er ook is. Het maakt niet uit in welke vorm. Het is petje af voor Weidum, dat ze dat gaan organiseren. Wat dat betreft begrijp ik Taeke wel. Een kaatser wil zo veel mogelijk wedstrijden kaatsen, dat willen wij ook. Dat willen de mannen ook", seit Scheepstra.
"Ik vind het heel bijzonder dat ie voor de dames wel doorgaat en voor de heren niet. Niet dat ik het de mannen niet gun, maar je merkt toch wel dat het in veel dingen bij de dames erachteraan loopt in vergelijking met de heren. Dus daarom nogmaals petje af voor Weidum", sa seit Scheepstra.
Manon Scheepstra oer it restant fan it seizoen:
Manon Scheepstra