Yn it lyts neitinke oer grutte útdagingen lykas klimaatferoaring

23 aug 2020 - 20:02

Sa'n fyftich bewenners út fjouwer strjitten yn Ljouwert hawwe har sneintemiddei bûgd oer mooglike oplossingen foar de klimaatferoaringen. Kommende tiid wurdt der ek noch yn de rest fan it lân praat oer oplossingen. Dit wurdt dan allegearre sammele en dêr wurdt dan in saneamde 'strjitferklearring' fan makke, dy't yn novimber oan it regear presintearre wurde sil.

Der waard ûnder oaren yn de doarpstún fan Snakkerbuorren praat en neitocht oer de takomst. Ien fan de dielnimmers hjir komt mei lytse en simpele oplossingen. "We kinne wol wat koarter dûse en de ferwaarming kin wol in graadsje kâlder."

'Niet steeds meer willen'

Karlijn Benthem is ien fan de belutsenen by it projekt en seach in hiel soad foarby kommen. "Er wordt bijvoorbeeld gezegd dat we af moeten van de gedachte steeds meer te willen. Een ander merkt op dat je met een kleine groep mensen al heel veel kunt bereiken."

De start fan it strjitberied wie snein yn Ljouwert en kommende tiid fynt it ek plak yn Grins, Nijmegen, Den Haag, Rotterdam en Amsterdam.

(advertinsje)
(advertinsje)