Ek vv Sint-Anna smyt klup op slot fanwegen corona

Fuotbalkup vv Sint-Annaparochie hat snein besletten om alle aktiviteiten fan de klup foarearst te skrassen. Dat komt om't in famyljelid fan ien fan har seleksjeleden posityf test hat op it coronafirus.
© Omrop Fryslân
It bestjoer skriuwt op de webside fan de feriening dat it giet om alle fuotbalaktiviteiten, trainingen as wedstriden, fan sawol senioaren as jeugd. De maatregel jildt ek foar it spyljen fan útwedstriden.
Fierder skriuwt it bestjoer dat 'wij in samenspraak met de GGD en andere instanties bepalen wanneer de voetbalactiviteiten worden hervat'. Sneon waard bekend dat vv Foarút út Menaam it sportkompleks ticht die, ek yn ferbân mei corona.