Friezen helje einstreek net op NK hurdfytsen

23 aug 2020 - 17:58

Gjin Frysk sukses snein op it Nederlânsk Kampioenskip hurdfytsen yn Drinte. Alle Friezen hellen de einstreek net. Mei grutte foarsprong pakte Mathieu van der Poel de titel.

Foto: Orange Pictures

Stef Krul fan Tsjalbert en Hartthijs de Vries fan Kollum hâlden it noch it langst fol. Se waarden twa omlopen foar de ein fan it parkoers helle troch de organisaasje. Der wiene doe noch mar santjin hurdfytsers yn koers. Mathieu van der Poel waard Nederlânsk Kampioen op de VAM-Berch mei grutte foarsprong op nûmer twa Nils Eekhoff en nûmer trije Timo Roosen.

Weening nea yn de wedstriid

Ek Pieter Weening helle de finish net. Hy kniep sa'n 50 kilometer foar de finish yn de remmen. "Ik ha eins de hiele wedstriid efter de feiten oanriden. Ik ried yn it begjin al lek en doe der in flinke groep mei Van der Poel fuortried, siet ik der net by, mar ik kaam der ek net mear by. Der sieten in soad mannen fan Jumbo-Visma by en dy smieten de dyk ticht. It parkoers is eins NK-ûnweardich. It is sa smel, kinst hast net ynhelje. Ik wie net goed genôch, mar it siet ek net mei hjoed."

Takom wike rydt Weening it EK yn Frankryk.

Pieter Weening midden

Trefwurden: 
hurdfytsen Pieter Weening
(Advertinsje)
(Advertinsje)