Marten Bergsma-en-dy pakke de winst yn Easterlittens

23 aug 2020 - 16:54

De haadklassepartij fan Easterlittens is sneintemiddei wûn troch it partoer fan Marten Bergsma, Dylan Drent en Hendrik Kootstra. Yn de finale wiene se mei 5-4 en 6-2 te sterk foar Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra. Bergsma waard ek útroppen ta kening.

It wie alwer de fjirde kear dit jier dat Bergsma-en-dy de winst pakten yn 'e haadklasse. Bergsma, Drent en Kootstra hiene de finale helle troch mei 5-1 en 6-6 te winnen fan Haye Jan Nicolay, Jelte Visser en Evert Pieter Tolsma. Van den Bos, Triemstra en Steenstra wiene mei 5-0 en 6-6 fiersten te sterk foar Bauke Triemstra, Erwin Zijlstra (dy't ynfûl foar de blessearre Sjoerd de Jong) en Pieter Jan Plat.

Tuinenga-en-dy winne Wjelsryp

De froulju keatsen snein yn de haadklasse yn Wjelsryp. De winst gie dêr nei it partoer fan Ilse Tuinenga, Margriet Bakker en Sjanet Wijnia. Yn de finale tsjin it partoer fan Sietske Okkema, Jeska Terpstra en Martzen Deinum makke Bakker it nei in spannende wedstriid ôf mei in boppeslach op 5-4 en 6-6.

De lytse preemje yn Wjelsryp wie foar it partoer fan Nynke Sijbrandij, Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra.

Foto: KNKB
(Advertinsje)
(Advertinsje)