Anouska Koster: "De lêste omloop wie hiel swier, mar de beleanning is moai"

23 aug 2020 - 15:57

Hurdfytser Anouska Koster fan De Westereen helle sneontemiddei in tredde plak op it NK hurdfytsen yn Drinte. Yn in swiere koers moast se allinnich Olympysk kampioen Anna van der Breggen en wrâldkampioen Annemiek van Vleuten foargean litte. "De lêste omloop wie echt hiel swier, mar de beleanning is dan wol hiel moai," sa seit Koster in dei letter fanút Frankryk.

Foto: Orange Pictures

De hurdfytser fan De Westereen is alwer ûnderweis nei har folgjende wedstriid, mar sjocht noch efkes werom nei sneontemiddei. Se kaam al betiid yn de kopgroep telâne, tegearre mei Anna van der Breggen en Jip van den Bos. "Ik seach dat de ploech fan Van der Breggen der in hurde koers fan meitsje woe. En ik ha hurd oan it trainen west de ôfrûne moannen, dus dan wolst dy ek sjen litte. It is in kampioenskip, en dat is altyd in aparte wedstriid. Ast dan wat wolst, moast by de les wêze. Dus doe't Anna gie, koe ik mei har mei en doe wiene wy fuort."

Driging fan achterút

It wie de earste serieuze ûntsnapping fan de wedstriid, mar Koster wie net benaud dat se te betiid op kop kaam. "Ik hie der wol fertrouwen yn, benammen mei Anna yn de groep. Fansels hâlde je rekken mei dat der noch froulju fan efter werom komme, mar úteinlik kamen se net mear by my."

Foto: Orange Pictures

Van der Breggen pakt úteinlik de titel, troch twa rûntsjes foar de ein fuort te riden út de kopgroep wei. "Twa rûntsjes foar de ein moast ik Anna gean litte, en doe kaam Annemiek ek noch foarby. Dêr koe ik noch hiel efkes by oanslute, mar dêrnei bin ik folle bak oant de finish riden. Ik tocht, it sil my hjir net oerkomme dat se my no noch fan it poadium ôfride. Dy lêste omloop wie echt hiel swier. Ik wist net goed hoe grut myn foarsprong wie, en Marianne (Vos) en Amy (Pieters) wiene yn efterfolging, dus ik moast hiel djip gean. Mar de beleanning is dan wol hiel moai."

Ronde van Vlaanderen

Yn oktober stean alle klassikers op it programma, dy't fanwegen de coronakrisis earder dit jier net trochgean binne. It giet dan bygelyks om de Ronde van Vlaanderen, de Amstel Gold Race, Parijs-Roubaix en Luik-Bastenaken-Luik. Koster sjocht der nei út. "Ik hoopje dat se allegearre trochgean, want mei corona witst it fansels net. Mar dy koersen, dat binne de doelen dêr't ik no nei ta wurkje. En dan benammen Vlaanderen, dat is in wedstriid dêr't ik echt nei útsjoch."

Anouska Koster oer har tredde plak op it NK

Trefwurden: 
hurdfytsen Anouska Koster
(Advertinsje)
(Advertinsje)