Doutzen Kroes docht har amazônepak wer oan foar film Wonder Woman

23 aug 2020 - 14:08

By de DCFanDome is in nije trailer toand fan de film Wonder Woman 1984. No is dit net sa hiel bysûnder, want by dat online evenemint stiene in hiel soad trailers yn 'e planning. Wol is it sa dat ús Doutzen yn de trailer fan de nije Wonder Woman film sit, dus hat Doutzen har amazônepak wer oan dien?

Troch Lars Hoekstra (onlineredakteur)

Doutzen Kroes yn Wonder Woman 1984 - Foto: Warner Bros. Entertainment Inc.

DCFanDome is in online evenemint foar fans fan DC. DC is bekend fan û.o. Batman, Superman & Wonder Woman. Op it evenemint waarden in soad films trailers toand, mar ek nije games binnen de 'DC-universe' oankondige.

Wonder Woman 1984 spilet him ôf yn, ja je ferwachtsje it net... yn de jierren 80. Wêrby't se wer in hiele nije striid oangiet mei ûnder oare Cheetah. Mar dêr giet it hjir net om, it giet om Doutzen, wat kinne wy fan her ferwachtsje?

Nij rekôr?

Dit soe de tredde kear wêze dat se de rol fan Venelia spilet op it grutte skerm. Se wie yn Wonder Woman sa'n 1 minút en 11 sekonden yn byld en wy binne der net wis fan oft se dit kear dat rekôr ferbrekke sil... Har aktearkarriêre begûn yn 2011 mei de film Nova Zembla.

Wol yn de trailer, net op de list?

No wurdt it wol nijsgjirrich, want as wy op IMDB sjogge dan stiet Doutzen hielendal net op de cast & crew-list fan de film al is se wol hiel dúdlik werom te sjen yn 'e trailer.

De film soe krekt wat earder útkomme nammentlik yn desimber 2019 en is doe ferskood nei juny 2020 wêrby't de datum no op 1 oktober stiet fanwegen it coronafirus.

Yn byld

Wat ek noch opfallend is, is dat Doutzen ek Venelia spile yn The Justice League en fan dy film komt noch in directers-cut út fan sa'n lytse 4 oeren. De kâns dat se dêryn sit, is ek hiel grut.

Al mei al is ús Doutzen werom te sjen yn grutte films, wy witte allinne net hoelang sy in byld is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)