Minste briedseizoen foar skriezen; pykjes en aaien wurde opfretten

23 aug 2020 - 10:55

Dit jier is it minste briedseizoen foar de skries yn Fryslân oant no ta. Noch net ien op de tsien pearkes dat in nêst hie, wist in jong grut te bringen. "In de zeventien jaar dat we nu onderzoek doen aan grutto's hebben we nog niet eerder zo'n slecht resultaat gezien", seit Jos Hooijmeijer, ûndersiker fan de Rijksuniversiteit Groningen yn it radioprogramma Vroege Vogels.

In skries siket in wiet plak op yn de Warkumerwaard - Foto: Remco de Vries

Aaien of pykjes wurde opfretten troch rôvers as marters, reagers of kraaien. "Vorig jaar waren er heel veel muizen. Zo'n jaar zorgt ervoor dat de aandacht van de predatoren even van de weidevogels wordt afgeleid. Maar ná zo'n muizenjaar zien we altijd extra predatie van weidevogeleieren en -kuikens. Dit jaar was dat wel heel extreem", seit Hooijmeijer fan Koudum.

Hy docht mei heechlearaar trekfûgelekology Theunis Piersma fan Gaast ûndersyk. De briedresultaten binne al jierren te min om it tal skriezen yn Nederlân op peil te hâlden. Trijefjirde part briedt yn ús lân.

Snackbar foar rôvers

Neffens de ûndersiker is it tiid om in drastyske kar te meitsjen. Hy seit dat it plattelân te earm wurden is oan greidefûgels. Foar predatoaren binne gjin alternativen, dus is it logysk dat se har op de greidefûgelpykjes stoarte. "Als we de weidevogels alleen nog in kleine reservaten in stand weten te houden, dan worden dat gewoon snackbars voor rovers."

Neffens him is it net te dwaan om alle predatoaren te bestriden. "Als je de vossen bestrijdt, dan springt de steenmarter gewoon in het ontstane gat. En als je ook díe gaat bestrijden, staan hermelijn, wezel en bunzing weer klaar." Hy pleitet foar in oare ynrjochting fan it plattelân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)