Tryste buksbeamkes op It Hearrenfean : "Se wurde folslein opfretten, fan A oant Z"

Op It Hearrenfean en omkriten is hast net ien buksbeamke mear dat noch grien is. Hiele strjitten sjogge der no wat tryst út mei giele of brune hagen. Dat komt troch de buksbeamkemot.
"It is in rûp en dy nestelet him yn de hage, fret him fol, ferpopket dan en wurdt in flinter", leit hofker Frits van der Wal út oer watfoar soarte bistje it giet.
"Der is gjin begjinnen oan om dit te bestriden. De hagen wurde folslein opfretten, fan A oant Z. Kinst se wol weromsnoeie, mar de measte minsken helje de beamkes derút." Syn eigen buksbeamke yn de tún wie ek yn in wike keal. Partikulieren belje syn bedriuw mei wat se deroan dwaan kinne. "Kinst se bespuitsje, mar dan moatst der yn in betiid stadium bywêze, mar oars is er net te rêden."

Buksbeam is de pineut

De buksbeamkemot is yn 2006 foar it earst sinjalearre yn Europa, oarspronklik komt er út Azië. "Hy is hieltyd fierder oprukt en no hat er dus it noarden fan Nederlân berikt. Hy is lestich fuort te krijen, de fûgels moatte se earst sjen te finen en dan opite. Se binne dreech te bestriden, krekt as de ikeprosesjerûp. De buksbeam is gewoan de pineut."
In oplossing soe in falle wêze kinne, dy't de mantsjesmotten opfangt, sadat se net mear befruchtsje kinne. "As der hiel folle binne, dan bliuwe je dêr wol even mei dwaande. De tiid sil it leare hoelang't de mot hjir bliuwt en hoe gau't er natuerlike fijannen krijt."
Frits van der Wal