De Zeevaert op Flylân sletten fanwegen it net hâlden oan coronamaatregels

Veiligheidsregio Fryslân hat op Flylân sneontejûn bar en rotissery de Zeevaert om 23.30 oere sletten op fersyk fan de gemeente. Yn de hoarekagelegenheid oan de Dorpsstraat waarden maatregels út de needferoardering net neilibbe.
bier © net bekend
Der wienen tefolle minsken en se hâlden te min ôfstân. Der wie gjin sûnenscheck dien en net alle gasten hienen in sitplak.
De ûndernimmer moat in plan yntsjinje om sjen te litten dat de regels wol neilibbe wurde. As dat plan goedkard is, besjocht de foarsitter fan de Veiligheidsregio oft de sluting ynlutsen wurde kin.