Nard Brandsma ek de bêste by ljepperij yn Drylts

22 aug 2020 - 21:14

Yn Drylts is Nard Brandsma de winner wurden fan de lêste reguliere wedstriid fan de fierljepkompetysje. Mei 20.08 yn syn twadde sprong wie hy de konkurrinsje de baas. It twadde plak wie mei 19.68 foar Oane Galama, Age Hulder waard knap tredde mei syn sprong fan 19.38.

It wie de alfde wedstriid fan de fierljepkompetysje sneontejûn yn Drylts. Oane Galama ljepte yn de oergongsklasse, mar pleatste him mei 19.68 foar de finale. Dy ôfstân wie úteinlik ek genôch foar it twadde plak. Thewis Hobma kwalifisearre him wol foar de finale, mar keas derfoar om net te springen.

Yn de finale ljepte winner Brandsma noch nei de twadde ôfstân fan de dei mei 19.87.

Bokma wint mei finalesprong

By de froulju gie de winst nei Sigrid Bokma, dy't de winst pakte mei har earste finalesprong. Dêryn kaam se ta 14.63. Dêrmei gie se oer Anneke Broersma hinne (14.32). Maureen Poiesz, dy't yn de finale net mear yn aksje kaam, waard mei 14.15 tredde.

By de junioaren ljepte Auke Zijlstra in nij persoanlik rekôr mei 17.17 mar dat wie net genôch om Wietse Nauta (18.78) fan winst ôf te hâlden. Zijlstra koe wol klassemintslieder Rutger Haanstra foarbliuwe. Haanstra kaam yn Drylts net fierder dan 16.80.

Broekstra klasse apart

Wisse Broekstra wie oppenij in klasse apart by de jonges. Hy ljepte yn syn earste sprong nei 17.40, en dat wie mear as genôch foar de winst. Twadde waard Wietse Steensma (16.01), it tredde plak wie foar Arend Veenstra (15.70).

By de famkes wie de oerwinning foar Hanneke Westert (13.44), foar Hilde van der Weij (13.28) en Grytsje Veltman (yn in nij persoanlik rekôr fan 13.21).

Sjoch hjir de folsleine wedstriid yn Drylts werom:

De wedstryd yn Drylts wie de ôfsluting fan de reguliere kompetysje. De sterkste 48 ljeppers meie no meidwaan by it FK. Op it FK yn Winsum, dat plakfynt op 5 septimber yn Winsum, wurdt nei ôfrin noch in seleksje makke.

De bêste 24 ljeppers yn de kategoryen manlju, froulju, junioaren, jonges en famkes pleatse har foar it NK yn Burgum op 19 septimber. Dêr treffe se dan de bêste Hollanners foar de klimaks fan it seizoen om de Nederlânske titels.

Beide kampioenskippen wurde live útsjoerd by Omrop Fryslân op telefyzje en radio.

(advertinsje)
(advertinsje)