Plysje Ljouwert siket persoanen dy't twa jonges mishannelen en berôven

22 aug 2020 - 20:22

De plysje fan Ljouwert is op syk nei de persoanen dy't freedtejûn twa jonges mishannele hawwe. Dat wie oan it Keegsdijkje yn de stêd, dat is de tagongsdyk nei de fleanbasis. Neffens de plysje giet it om meardere minsken.

Foto: Aise van Beets, Omrop Fryslân

De slachtoffers binne mishannele en berôve. Dyjingen dy't dat dienen, binne neffens de plysje fuortriden yn in reade Dodge Ram, yn de rjochting fan Stiens.

Ien fan de slachtoffers moast nei de dokterswacht om him behannelje te litten. Beide slachtoffers ha oanjefte dien.

Trefwurden: 
plysje mishanneling berôving
(Advertinsje)
(Advertinsje)