Corona: gjin oefenwedstriid froulju Hearrenfean en sportkompleks Menaam ticht

22 aug 2020 - 19:17

Troch meardere positive testen op it coronafirus giet de oefenwedstriid tusken de fuotbalfroulju fan PSV en SC Hearrenfean fan snein net troch. Ek sportkompleks Schatzenburg yn Menaam, dêr't vv Foarút spilet, is foarearst ticht.

Foto: Shutterstock

De froulju fan PSV ha te krijen mei meardere positive testen yn de seleksje. Dat die bliken út previntive tests dy't ôfnaam binne by de spylsters. Dêrom moat de folsleine seleksje fan de klup út Eindhoven no yn karantêne.

Ek vv Foarút smyt boel op slot

It bestjoer fan vv Foarút út Menaam hat alle aktiviteiten fan de fuotbalklup foarearst skrast. Dat komt fanwegen in mooglike coronabesmetting by in lid fan de klup. Yn ôfwachting fan it resultaat fan de coronatest skriuwt it bestjoer op harren webside 'alle activiteiten op Schatzenburg tot nader orde op te schorten en het complex te sluiten. Ook uitwedstrijden zullen geen doorgang vinden. Dit geldt voor zowel de seniorenafdeling van Foarút als de gezamenlijke jeugdafdeling op sportpark Schatzenburg en de Ring'.

Foto: Aise van Beets, Omrop Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)