Winst foar Bauke Triemstra-en-dy by troch-inoar-lotsjen Sint-Jabik

22 aug 2020 - 17:49

Keatsers Bauke Triemstra, Hendrik Jan van der Velde en Erwin Zijlstra ha yn Sint-Jabik de haadklassepartij troch-inoar-lotsjen wûn. It partoer wûn yn in spannende finale mei 5-5 en 6-4 fan Menno van Zwieten, Kevin Hiemstra en Patrick Scheepstra. Van Zwieten einige de finale mei in foarslach.

De tredde priis gie nei Gert-Anne van der Bos, Renze Hiemstra en Hendrik Kootstra.

De froulju keatsten sneon yn Berltsum. De ferrassende winners dêr wiene Tineke Dijkstra, Marte Altenburg en Louise Krol.

Foto: Henk Bootsma
Trefwurden: 
keatsen haadklasse Sint Jabik
(Advertinsje)
(Advertinsje)