Wynsurfers binne benaud om plak by Koarnwertersân te ferliezen

Wynsurfers by Koarnwertersân fiele har bûtensluten troch de gemeente en binne bang dat se harren stekje by Koarnwertersân kwyt reitsje. Sa wiene sy net op 'e hichte fan in tal resinte feroaringen dy't de gemeente útfierd hat. Hjirtroch is der minder parkearromte kommen.
NOCH wynsurf makket WENDY
De wynsurfers, ferienige yn Stakeholders Windsurfen Afsluitdijk, ha in brief skreaun oan de gemeente Súdwest Fryslân. "Wij maken ons grote zorgen dat de plek straks niet meer toegankelijk is voor een grote groep mensen zoals windsurfers, badgasten, maar ook kitesurfers. Je ziet het nu al dat er bijna niemand meer kan parkeren", seit Twan Verseput, twafâldich wrâldkampioen speedsurfen.
Tagelyk is hy benaud dat de kitesurfers it plak taeigenje wolle. Dizze sport is de lêste jierren eksplosyf groeid, mar der mei mar op in pear plakken kitesurft wurde. Foar wynsurfers jilde dizze strange regels net, mar it plak by Koarnwertersân is in unyk plak foar harren.
Wynsurfer Twan Verseput
Wynsurfe © Shutterstock.com
Marcus Schluter hat in kiteboardskoalle en jout ûnder oare les by Koarnwertersân. Hy is spotbehearder by de Nederlandse Kitesurf Vereniging (NKV). Neffens him hoege de wynsurfers harren gjin soargen te meitsjen. Wol fynt hy it plak by Koarnwertersân hiel lyts dêr't eins gjin romte is foar elkenien. "Het strand is 70 meter breed en als je dan een zwemzone, een windsurfzone en een kitesurfzone aanlegt dan kunnen er bij wijze van spreken maar twee kitesurfers te water gaan."
Marcus Schluter
Neffens Schluter moat de gemeente in kar meitsje foar wa't it strân wol en net bedoeld is en kin dat net foar elkenien wêze. Gemeente Súdwest-Fryslân woe noch net reagearje om't se noch net mei beide partijen praat hawwe.