FIDEO: Lefferts en Zijlstra ljeppe fier op Frysk Kampioenskip foar jeugd
Yn Drylts stiene sneontemoarn de fierljeptalinten oant 10 en oant 12 jier op de skânsen foar de striid om de Fryske titels. It soe in jeugd FK wurde fan heech nivo, mei winners fan fjouwer ferskillende ôfdielingen.
Sjoch hjir nei in koart oersjoch fan de wedstriid:
FIDEO FK Fierljeppen Jeugd
Lefferts springt fier
Jonges 11-12 jier | Ofstân |
1. Sietse Lefferts (Bûtenpost) | 11.34 (nij Frysk rekôr) |
2. Riemer Zijlstra (Easthem) | 11.26 (PR) |
3. Daniël Veenstra (Bûtenpost) | 10.52 (PR) |
Haanstra wint by famkes
Famkes 11-12 jier | Ofstân |
1. Berber Haanstra (It Heidenskip) | 9.01 |
2. Sanne Bouwstra (Reduzum) | 8.96 |
3. Nynke Klijn Velderman (Koudum) | 8.52 (PR) |
FIDEO: Hichtepunten Frysk Kampioenskip foar jeugd
Winst foar Bouwstra
Jonges <10 jier | Ofstân |
1. Jorrit Bouwstra (Reduzum) | 9.46 (PR) |
2. Reinder Haanstra (It Heidenskip) | 9.28 |
3. Boaz Koster (Bûtenpost) | 7.63 (PR) |
Twa dielnimmers by de jongste famkes
Famkes <10 jier | Ofstân |
1. Yrsa Maats (Surhústerfean) | 8.45 (PR) |
2. Vienne van der Knaap (Drylts) | 8.38 |