Omrop TIP: Fierljeppen Drylts live te folgjen

22 aug 2020 - 13:00

Yn Drylts is dizze sneon de alfde en lêste reguliere wedstryd fan de fierljepkompetysje. Omrop Fryslân is derby mei in livestream. It begjint om 18.30 oere en is te folgjen fia de webside en de app. Mei kommentaar fan sportferslachjouwer Freark Wijma en analist Hendrik Murk Haanstra.

Foto: Martin de Jong

De bylden binne nei ôfrin fan de wedstriid werom te sjen fia Omrop Fryslân YouTube. Nei dizze wedstryd wurdt bekend hokker ljeppers har pleatse foar it FK yn Winsum op 5 septimber.

De wedstryd yn Drylts is de ôfsluting fan de reguliere kompetysje. De sterkste 48 ljeppers kwalifisearje har foar it FK. Op it FK yn Winsum, dat plakfynt op 5 septimber yn Winsum, wurdt nei ôfrin noch in seleksje makke.

De bêste 24 ljeppers yn de kategoryen manlju, froulju, junioaren, jonges en famkes pleatse har foar it NK yn Burgum op 19 septimber. Dêr treffe se dan de bêste Hollanners foar de klimaks fan it seizoen om de Nederlânske titels.

Beide kampioenskippen wurde live útsjoerd by Omrop Fryslân op telefyzje en radio.

Trefwurden: 
fierljeppen Drylts
(advertinsje)
(advertinsje)