Opera Spanga repetearret foar de fiifde filmopera

Opera Spanga is drok dwaande mei de repetysjes fan in nagelnije filmopera mei de namme The Other. Dit kear yn in boerestâl fol mei sweltsjes by Spangea.
Opera Spanga repeteart foar de fyfde filmopera
Nazi's, de pest, corona, ferskillen en oerienkomsten tusken minsken komme der yn foar. Under lieding fan regisseur Corina van Eijk wurdt in nagelnije opera ferfilme, basearre op in histoarysk ferhaal. En der wurdt in parallel lutsen mei de joadeferfolging yn 1506 yn Lissabon, mei de Twadde Wrâldoarloch en de tiid fan no.
Van Eijk: "De film gaat over jou en mij. Dat onze verschillen en overeenkomsten niks uitmaken en dat we niet moeten veroordelen en beoordelen. Daar gaat de film over."

Emosjoneel

It wie foar de muzikanten en spilers fanwegen corona lang lyn dat se wat dien hienen, en dêr wienen se bot oan ta. "It wie emosjoneel gewoan, datst wer mei mekoar muzyk meitsje kinst. Wol op oardel meter ôfstân fansels, mar dat wie gjin probleem," seit dirigint Tjalling Wijnstra.
Corina van Eijk en Tjalling Wijnstra
Filmopera The Other giet op 17 oktober yn premjêre yn deselde boerestâl oan de Lindedyk by Spangea.