Jonge dûmny Anne Meta Kobes: "houd moed, heb lief"

Dizze simmer set it radioprogramma Buro de Vries alle wiken de doarren iepen foar in jonge Fries of Friezinne dy't in bysûnder ferhaal of bysûndere ambysjes hat. Of beide. Anne Meta Kobes Gerritsen skode snein oan by Simone Scheffer. Se kaam streekrjocht út de protestantske tsjerke Trinitas op It Hearrenfean nei de tsjinst.
© Anne Meta Kobes
Anne Meta is berne yn Burgum mar net yn Fryslân opgroeid. Dochs fielt se har bot ferbûn mei Fryslân en de Friezen. Sterker noch, se fielt har Friezinne omdat har achtergrûn ek Frysk is.
Se wie inisjatyfnimmer fan de aksje "houd moed, heb lief". Se begûn mei kollega's mei online tsjinsten, mar liet ek posters en flaggen ûntwerpe mei de tekst Houd moed, heb lief. It waard in grut sukses, de posters en flaggen waarden lanlik in protte besteld.
© Anne Meta Kobes
Het zijn vier woorden die iedereen kan gebruiken, ook buiten de kerk. Dat moed houden was vrij pittig voor de mensen. Wat daarbij helpt is liefhebben.
Anne Meta Kobes Gerritsen
De aksje betocht se omdat se fernaam dat in soad gemeenteleden mismoedich wiene oer de corona en de gefolgen derfan.
"Het zijn vier woorden die iedereen kan gebruiken, ook buiten de kerk. Dat moed houden was vrij pittig voor de mensen. Wat daarbij helpt is liefhebben."
Sels fynt se it ek wol dreech om mei bygelyks de oardel meter om te gean. As der ien is dy't nei de tsjinst noch in petear mei har hat oer wat dreechs dan wol se fansels tichtby dyjinge wêze, mar dan moat se dochs de ôfstân hâlde. "Dat vind ik wel moeilijk, maar het moet nu wel."
Dûmny Anne Meta Kobes te gast. Mei har eigen muzykkar en fragminten fan har pake en Annie MG Schmidt

Speeddate

Se studearre teology oan de VU yn Amsterdam en dêrnei de oplieding ta predikant yn Kampen. Har pake wie ek predikant. Se is sûnt 2014 ferbûn oan de Trinitastsjerke op It Hearrenfean. Se is der tige wiis mei dat de gemeente it oandoarde mei sa'n jonge frou as predikant. Se wie eins noch net iens ôfstudearre doe't se in speeddate hie mei minsken fan de tsjerke op It Hearrenfean. En it matchte. Dat wie in foarboade fan in gearwurking.
Dat Anne Meta dûmny waard wie tafal, mar ek wer in soarte fan logysk. Se woe Nederlânsk of skiednis studearje, mar gie ek efkes by teology te sjen. En dêr foel it kwartsje. Mei it leauwe wie se al opgroeid. Har pake wie dûmny, ûnder oaren by de Koepeltsjerke yn Ljouwert. Hy is ek in ynspirator. Har heit en mem troffen mekoar ek yn de tsjerke.

Foarbyld

It leauwe wie dus fan grutte betsjutting yn it gesin. Oer pake seit se: "In mijn hoofd was mijn opa de dominee een hele fijn bijzondere man. Hij heeft voor mij zeker de weg geëffend in mijn denken over het domineeschap, hij is echt een voorbeeld."
De jonge dûmny is net allinnich yn de tsjerke bot aktyf, ek dêrbûten. Se hat in eigen webside dêr't se geregeld filmkes op set mei har gedachten en moedjaande ferhalen. Op har eigen webside snijt se saken oan dy't libje yn de mienskip.

Aktualiteit

Har preken binne faak linkt oan it nijs fan de wike dat west hat. Der is wol in soarte fan roaster, mar neffens de dûmny binne ferhalen út de Bibel altyd te ferbinen mei wat der no yn de wrâld bart.
De betsjutting fan God is foar Anne Meta in krêft. "Het is een kracht die mij omringt waardoor ik weet dat ik niet alleen ben. Natuurlijk wankel ik ook weleens, maar dan ga ik studeren en mediteren." Se leaut net dat God echt stjoert. "We hebben hem niet in onze broekzak."

Ferbining

Mei dy krêft wol se wat betsjutte foar de tsjerke en hopet ferbining te bringen tusken minsken en foaral dat minsken de muoite nimme nei mekoar te lústerjen. Se wol graach minsken helpe. Op de fraach wêr't we har oer 25 jier fan kenne soenen, seit se dat se net hiele grutte ambysjes hat. Se hopet dat se trochgean kin mei brêgen bouwe en ferbining bringe kin. "Als ik dat mag blijven doen ben ik gelukkig."