Wêr wurdt Fryslân gelokkich fan? Tryater ûndersiket it yn nije foarstelling

Tryater siket mei de nije foarstelling nei 'It gelok fan Fryslân'. Dy teatrale audiokuier giet it kommende wykein yn premjêre yn Marsum. De foarstelling giet troch tsien Fryske doarpen.
© www.tryater.nl
"Alle sintugen wurde oansprutsen", fertelt Aukje Schaafsma fan Tryater. "Wy ûndersykje wêr't Fryslân gelokkich fan wurdt. Yn de simmer ha op tsien plakken geloksbrievebussen stien dêr't minsken kaartsjes yn dwaan koenen. Fan al dy saken hat Sytse Jansma in moai, lang geloksgedicht makke. Foar de ien is dat stilte en foar de oar de autocross, it is hiel ferskillend en it is oeral oars."
Besikers fan de foarstelling krije nei't se in kaart kocht hawwe, in mail mei dêryn útlis oer de foarstelling. "Se kinne in app downloade en sa de yndividuele tocht meitsje, hielendal coronaproof. Sa hearst ferskillende perspektiven op gelok en sjochst mei oare eagen nei dyn eigen omjouwing." Der binne ek lânskipsobjekten ûnderweis en der is ek muzyk te hearren.
Foar elk tiidslot kinne 30 minsken meidwaan. "Oan de ein komme de minsken by elkoar en kinne se neiprate."
It is in projekt fan fjouwer jier. Ien fan de saken dy't ek noch ûndersocht wurde sil is de 'snackbartichtheid' yn Fryslân.
It gelok fan Fryslân komt yn dizze doarpen: Marsum, Jorwert, Koarnjum, Feanwâlden, Wommels, Eastermar, Wikel, Reduzum, Kollum en Winaam.