Alle parrebeamkes yn hiel Fryslân al op; "Elke boom krijgt een eigen verhaal"

22 aug 2020 - 10:09

Alle 8.000 parrebeamkes dy't dizze sneon fergees op te heljen wienen op it Ecopark de Wierde by It Hearrenfean binne al fuort. Om fiif oere moarns stienen de earste minsken al foar it stek fan Omrin.

Dit wie freed yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân

De beammen binne net ferkocht troch corona en de kweker jout se leaver in twadde kâns. Op ferskillende plakken yn it lân wurde sadwaande fergees parrebeamkes fuortjûn. Ek yn Wytmarsum wienen alle 4.000 beamkes flot fuort en ek yn Wâlterswâld wie it gau leech.

Yn Ljouwert waarden freed al 4.000 beamkes fuortjûn.

Hype

"Al onze verwachtingen zijn overtroffen, het was een hype", seit John Vernooij, direkteur fan Omrin. "Friezen vinden dit mooi en we merken dat bij elke boom een verhaal komt, er gaan perenbomen naar een school, verzorgingstehuis en bij mensen thuis. We zouden eigenlijk al die verhalen van de bomen moeten verzamelen."

Hy makket him gjin soargen oft de beammen it wol oerlibje. "Mijn vader was een perenboer, dus ik weet dat dit niet de gunstigste tijd is om te planten, maar als de je boom goed water geeft en goed verzorgt, zal die het wel redden."

File op A7

It wie sa drok dat op de A7 by it knooppunt fan De Jouwer neffens him in file stie fan sa'n 10, 15 kilometer. "Het gaf met het gevoel van de Reuzen of een Elfstedentocht, er was zoveel animo en er waren zoveel blijde mensen. Tuurlijk moesten we ook mensen teleurstellen en daarom zijn we teruggegaan van 50 per persoon naar uiteindelijk 5. In totaal hebben we 20.000 bomen weggegeven en zo de circulaire beweging een boost gegeven."

John Vernooij, direkteur Omrin

(Advertinsje)
(Advertinsje)