Mei-inoar prate oer klimaatferoaring yn it 'Grote Straatberaad'

22 aug 2020 - 09:31

De start fan it lanlike 'Grote Straatberaad' is snein yn Fryslân. By it beried gean buorlju mei elkoar yn petear oer mooglike oplossings foar de klimaatferoarings. Fiif strjitten hawwe har oanmeld, allegear yn Ljouwert.

Foto: Jaap Scheeren

"Er hadden meer aanmeldingen kunnen zijn, maar ik begrijp dat het een lastige tijd is met corona en het einde van de vakantie", seit Matthea de Jong, ien fan de inisjatyfnimmers. "Het kan ook een spannend onderwerp zijn om over te praten. Maar het is wel nodig, we lezen er elke dag over in de kranten. Het is actueel."

It programma duorret twa oeren. "Mensen krijgen een krat met een soort van doe-het-zelf-pakket. Een auto is eigenlijk de hoofdpersoon, vandaar uit krijg je vragen en opdrachten en in een app vul je de antwoorden in. Het gaat over onderwerpen als democratie, economie, gezondheid en mobiliteit."

Nei de start yn Fryslân giet it ek nei oare stêden lykas Grins, Nijmegen, Den Haag, Rotterdam en Amsterdam. De útkomsten foarmje in 'straatverklaring'. "Al die uitkomsten uit het hele land koppelen we samen en presenteren we 6 november aan het kabinet."

Belangstellenden kinne har noch oanmelde.

Matthea de Jong

(Advertinsje)
(Advertinsje)