Weromrop: Weromsjen op Simmer 2000 yn Aldegea (Wym.)

Yn it jier 2000 stie Fryslân yn it teken fan Simmer 2000, de grutte Friezereüny. Mei grutte eveneminten lykas de Slachtemaraton en it muzykspektakel Simmertime. Mar ek yn de Fryske doarpen waard fan alles organisearre. Dizze simmer sjogge we alle sneonen werom op Simmer 2000. Mei in greep út de moaiste en nijsgjirrichste programma's, dy't op Weromrop te finen binne.
Mei it programma 'Simmer 2000 op lokaasje' binne we Aldegea (doe noch Wymbritseradiel) en prate nei oer trije wiken Simmer 2000 mei foarsitter Henk Kroes, Maaike Schuurmans en emigranten dy't weromkomme mei Fryslân.
Oant en mei 29 augustus wurde ek yn it radioprogramma Sneon yn Fryslân alle wiken oantinkens ophelle. Sneon yn Fryslân is tusken 13.00 en 18.00 oere te folgjen op radio en telefyzje.