Ekstreme waar sit ynsekten yn 't paad

It waar wurdt hieltiten ekstremer en dat is foar ynsekten bytiden dreech. In soad kinne bêst wol wat hyt waar hawwe, mar de planten en blommen dêr't sy fan ôfhinklik binne in stik minder. En as der wat rein falt, komt dat soms mei bakken nei ûnderen ta. It is dan net altiten like maklik foar ynsekten.
Ekstreme waar sit ynsekten yn't paad
"De maitiden wurde hieltiten drûger en dan komme fan dit soarte 'plensbuien' yn de simmer. Der binne soarten dy't ekologysk sjoen op it ferkearde plakje sitte. As dy in sekere fochtichheid nedich hawwe en dat sykje yn de drûge perioaden, dan sille der perfoarst slachtoffers falle by dy swiere buien", jout boskwachter ekology Jakob Hanenburg oan as foarbyld fan hoe't bytiden hiel direkt ekstreem waar ynfloed ha kin op ynsekten.
Wy minsken kinne meastentiids gewoan nei binnen ta om drûch te bliuwen of technologyske oplossings fine om net te waarm te wurden.
Boskwachter ekology Jakob Hanenburg
De heaflinter. Ea in algemiene foarkommende flinter, mar no hieltiten seldsumer © Omrop Fryslân, Remco de Vries

Goed nijs

It goede nijs is dat je de natuer sa ynrjochtsje en beheare kinne dat it lytse guod it goed hat of sels hiel goed. Ek by dit ekstremere waar. Soks is bygelyks te sjen yn sompegebiet de Houtwiel by Feanwâlden, mar ek by de Himpensermar by Ljouwert.
Wichtige yngrediïnten dêrfoar binne in heech wetterpeil mei in goede kwaliteit wetter en in oanpast meanbehear wêrby't je rekken hâlde mei de libbenssyklus fan de ynsekten. Hanenburg: "De measte ynsekten hawwe in kompleks leefgebiet. Der moat fan allerhanne aspekten wat wêze en dat kinne je betsjinje. Dêr kinne je mei it behear hiel goed rekken mei hâlde."
De wespspin dy't troch it feroare klimaat no geregeld yn Fryslân te sjen is. © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Troch rekken te hâlden mei de leefomjouwing fan ynsekten kinne je sy dus helpe; ek as it klimaat feroaret. Hanenburg sjocht it om him hinne gebeuren yn de natuergebieten dêr't hy komt: "In foarbyld is in grutte libelle, de ielstikelbiter (groene glazenmaker) dy't it grutste part fan syn libben libbet as larve yn sleatten mei ielstikel (krabbescheer) en dat giet hjir hiel goed."

"84 prosint is ferdwûn"

Datselde jildt ek foar de deiflinters. "Sa stadichoan binne dy hiel seldsum oan it wurden. Dat giet echt sa hurd. De lêste 100 jier is 84 prosint fan ús deiflinters ferdwûn. Hjir sjogge je der noch in hiel soad. De heaflinter en swartteistergroukopke en ek in moaie typyske soart as it oranjetipke fine hjir allegearre noch in plakje", seit Hanenburg.
Troch de klimaatferoarings komme súdlike soarten ek dizze kant op. Sa komme je de wespspin no geregeld hjir tsjin.