Kollum: "Fansels heart it kultuerjild yn de Rânestêd, wêr oars?"

22 aug 2020 - 08:19

"Dizze wike ha ik ôfskied naam fan in koarte broek. Dy koarte broek wie earst in lange broek, mar trochdat ik him sa graach oan ha mocht, wienen de boksen fersliten. Der bleau neat oars oer as de skjirre der yn te setten en der in koarte fan te meitsjen.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Ferdinand de Jong

Je ha mei de iene broek mear as mei de oare. Dizze broek hong as nije broek net yn in winkel yn Fryslân, net yn Nederlân, sels net yn Europa. Hy hong yn in modern winkelsintrum boppe de poalsirkel. Doe't ik yn 2016 in reis nei Sibearië makke, wie it op Schiphol min waar. Wy moasten yn Frankfurt yn sân hasten nei it fleantúch nei Moskou. Doe't we dêr oankamen wie de bagaazje noch yn Dútslân en hy koe net neistjoerd wurde. Ik moast dus oan myn reis begjinne yn neat oars as de simmerske outfit dy't ik oan hie, wylst it op it plak dêr't ik hinne soe, sa'n 15 graden frear.

Se seagen al wat nuver nei dy gekke keardel út Hollandski dy't grif net troch hie hoe kâld it yn Sibearië wie. Dat wist ik wol, mar dy Russen wisten net dat se mei in bytsje sydwyn yn Nederlân al muoite ha om in fleanmasine de loft yn te krijen. Dus ik stie mei myn hânbagaazje eins yn de bleate kont dêr yn Sibearië. Lokkich wist myn tolk rie en bedarren we al gau yn in winkel dêr't se arktyske klean ferkochten. Dêr ha ik doe dy spikerbroek kocht. Selden ien hân dy't my sa goed en lekker siet, it sil wol tafal west ha. Soms moatte je der in ein om fuort en op in frjemd plak útfine dat se dêr ek goed guod ha.

De kultuersektor stiet yn de brân. It jild giet foar it grutste part nei de Rânestêd. Dat wurdt troch de rest fan it lân as net earlik beskôge. Ik moast even werom tinke oan in berjocht dat ik in jier as wat lyn lies, ik wit net mear wêr. Mar oan it wurd wie in froulike wethâlder fan de gemeente Amsterdam, dy't har iepenlik en yn folle earnst ôffrege wat it eins foar doel hie om oeral yn it lân mar teäters te eksploitearjen. As minsken wat moais sjen woenen, koenen se dochs gewoan nei Amsterdam komme?

We sieten lêstendeis by freonen oan de barbekjû. Dêr sil ik jim de folgjende anekdoate oer fertelle. De Fryske dame des huizes fertelde dat se ris in pear kollega's út Amsterdam sa fier krigen hie om in dei nei Fryslân ta om te silen. Doe't se oan de reis begûnen hie it selskip bekken as skearmessen, mar doe't de ring om Amsterdam yn sicht kaam, waarden se al wat stiller. By it passearjen fan de Ketelbrêge wie it praat út. Pas doe't se nei it dei op it Fryske wetter wer hast by de ring om Amsterdam wienen, kamen de gebekte opmerkings werom. Dit ha ik dus net betocht, mar it is in wier ferhaal.

It is gjin wûnder dat it jild foar de kultuer yn de Rânestêd bliuwt. It ynteressearret it gros fan de minsken dêr hielendal net wat der bûten de ring fan Amsterdam bart. Se wenje dêr, fleane fan Schiphol nei in fier lân mei fakânsje en komme wer kreas yn de Rânestêd oan de grûn.

Je moatte sa gek as ik wêze, of in brede belangstelling ha om út te finen dat se yn Sibearië ek goede spikerbroeken meitsje."

(advertinsje)
(advertinsje)