Hindrik Tabak (28) út Oerterp krijt keninklike earepinning foar rêdingsaksje

21 aug 2020 - 21:27

Hindrik Tabak (28) út Oerterp hat freedtejûn in keninklike ûnderskieding krigen foar syn rêdingsaksje yn novimber ferline jier yn Kollum. Lokoboargemaster Esther Hanemaaijer fan de gemeente Noardeast-Fryslân oerlange him de Erepenning voor Menslievend Hulpbetoon.

Tabak ried op 20 novimber 2019 yn it tsjuster en tichte mist lâns de Trekfeart yn Kollum, doe't er troch twa oare automobilisten warskôge waard. Hy stapte út en seach dat der in auto yn de feart lei, mei dêryn de 82-jierrige frou Frieling út Kollum. "Ik betocht my gjin momint. Ik ha gau myn wurkklean útdien en bin yn myn sokken it wetter yn sprongen. It rút haw ik kapot slein mei in lifehammer, wêrnei't ik har út de auto helle ha. Ik koe har der noch krekt op tiid úthelje, want de auto wie al oan it sinken."

Mei help fan de omstanners koe de frou nei de kant holpen wurde. Frou Frieling is dêrnei ûnder de dûs stapt by de freonen dêr't se krekt wei kaam. Ek Tabak wie ûnderkuolle, mar hat der nei dy jûn neat oan oerholden.

Ferrassing

Tabak wist der neat fan dat er in ûnderskieding krije soe. "Ik wie kompleet ferrast. Ik soe even by frou Frieling ite, wêrnei't we in blokje yn de tún rûnen. We komme der in hoeke om en ynienen steane dêr de lokoboargemaster, in kameraploech en myn âlden en suskes!"

De Erepenning voor Menslievend Hulpbetoon is, nei de Militaire Willems-Orde, de âldste noch besteande Nederlânske dapperheidsûnderskieding.

Hindrik Tabak

(Advertinsje)
(Advertinsje)